Omropferslachjouwer Wytse Vellinga is herten fiif op ynternasjonaal kaartspul

17 okt 2020 - 16:02

Sjoernalisten út de hiele wrâld kenne ferslachjouwer Wytse Vellinga fan Omrop Fryslân, omdat hy ien fan de pioniers is yn it brûken fan de mobile telefoan foar it meitsjen fan reportaazjes. Aspirant-sjoernalisten kenne him aanst ek, want hy stiet op in sjoernalistyk kaartspul, útjûn troch de universiteit fan Michigan.

Foto: Omrop Fryslân

Wytse Vellinga is herten fiif

Op alle kaarten fan it spul stiet in sjoernalist, mei in pear tips foar oare sjoernalisten. Vellinga is herten fiif. "Ik bin al wakker wiis dat ik net de joker bin", laket Vellinga.

Vellinga wit net hoe't se by him útkaam binne. "It ferbaast my eins wol in bytsje, se hiene op ien oft oare manier heard fan my en it wurk dat ik foar de Omrop doch, op myn mobile tillefoan", fertelt Vellinga. "Doe ha se my frege oft ik op it kaartspul woe en oft ik tips hie foar begjinnende sjoernalisten."

Vellinga makket al syn ferhalen mei in mobile tillefoan. "Ik ha gjin kameraman mear mei, of in kamera. Ik ha allinne in mobile tillefoan, en dêr ha ik fan alles oan te hingjen, bygelyks in mikrofoan en in lampke."

Sjoch hjirûnder nei in oantal reportaazje dy't Wytse Vellinga makke mei de mobile tillefoan.

Trefwurden: 
Wytse Vellinga kaartspul
(advertinsje)
(advertinsje)