Frou rûkt brânlucht en set auto krekt op tiid op parkearplak by Wûns: auto folslein útbaarnd

17 okt 2020 - 14:20

Op in parkearplak oan de A7 by Wûns is in auto folslein yn flammen op gien. Neffens in tsjûge rûkte de frou dy't de auto bestjoerde in brânlucht, en sette se dêrom de auto oan de kant. Gau dêrnei fleach de wein yn de brân.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht fan Wytmarsum wie der flot by, mar koe net foarkomme dat de auto ferlern gong. De frou soe net ferwûne rekke wêze.

Trefwurden: 
brân Wûns
(advertinsje)
(advertinsje)