Sjongfestival Liet útsteld troch corona: nije datum noch net bekend

De finale fan it sjongfestival Liet 2020 yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert giet freed 6 novimber net troch yn ferbân mei it coronafirus. Troch it tanimmen fan it tal besmettingen en de nije maatregels sjocht it bestjoer gjin mooglikheid om de finale noch op in moaie wize te organiseajen. In nije datum is noch net bekend.
© Liet
"Mei de oanpaste regels seine wy, dit wurdt hiel lestich", seit koördinator Tjallien Kalsbeek. "Je ha acht finalisten en trije duo's mei harren muzikanten, dus je ha in hiele ploech minsken omrinnen. Wy wolle der foar de muzikanten in folweardige sjo fan meitsje, dat wurdt op dizze wize lestich."
De finalisten wiene yntusken bekend. It Fryske publyk hat de ôfrûne twa wiken fia in digitale stimming mear as 2.400 stimmen útbrocht. Der wiene noch 13 acts yn de race foar in finaleplak.

Nije datum

Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân en Neushoorn siket Liet nei in nije datum foar de finale. "It sil op in letter momint plakfine, oft dat dit jier noch slagget of takom jier, moatte wy efkes ôfwachtsje hoe't it mei de ûntwikkelings ferrint."
Tjallien Kalsbeek