Fytsklup warskôget foar gefaarlike izertried oer fytspaad by Kanada

17 okt 2020 - 14:08

Der is sneontemoarn in izertried fûn dy't gefaarlik oer in fytspaad spand wie, krekt njonken de Appelschaseweg by it Drents-Friese Wold. De feriening WSVO (Wieler Sport Vereniging Ooststellingwerf) warskôget minsken om goed op te letten. De tried hong oer de saneamde 'blauwe rûte'. Dat is krekt súdlik fan de buorskip Kanada by Elslo.

It plak dêr't de tried fûn is - Foto: Google Street View

Neffens de feriening moat it tusken 8.00 en 11.00 oere spand wêze. "Inmiddels is het ijzerdraad verwijderd, maar blijf goed opletten," warskôget de fytsferiening. As minsken wat sjoen hawwe, heart de klup it graach.

It plak wie krekt nei it Schapenbos yn de rjochting fan de singletrack oer de Kale Duinen, krekt njonken de dyk Appelschaseweg. Dat is noch krekt yn Wateren, ûnder de grins tusken Fryslân en Drinte.

(advertinsje)
(advertinsje)