Hûnekopfestival giet net troch, mar De Hûnekop is wol drok mei Stjer

17 okt 2020 - 12:59

It Hûnekopfestival yn poppoadium Iduna giet dit jier net troch. Emiel Stoffers en syn maten hawwe dizze wike de knoop trochhakt. Mei de oanskerpe coronamaatregels sjogge sy it net sitten it festival te organisearjen. Sy binne wol dwaande mei in online alternatyf. En wat ek noch altyd trochgiet binne de opnamen foar de alderearste Hûnekopfilm: Stjer.

Emiel Stoffers fan De Hûnekop - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De opnamen binne sneon yn Froubuorren oan de Sudhoekstermiddelweg. Mei grutte frachtweinen en auto's is der in ploech drok dwaande om byld te meitsjen. "It is de earste films dy't wy meitsje. It is in gekkehûs. Blik op ûneinich en trochknalle. Hjoed hie ik wat kielklachten. Ik wit net oft ik corona haw, it sil wol net. Mar ik moat yn de film wol mei ien yn de auto sitte," seit Emiel. Dêrom is er in oplossing betocht: in stand-in. "Ik haw no in stuntman sûnder symptomen," laket Emiel.

Wannear't de film Stjer útbrocht wurde kin, wit er noch net. "Yn 2021, dat sawiesa."

Tegearre Smoar yn stee fan festival

It Hûnekopfestival is dus skrast. "It giet net troch, it wie muoilik muoilik muoilik. Wy soene dochs trochgean, mar doe waard it noch dreger en dêrom seine wy: lit dan ek mar. It wie allegearre al útferkocht, mar dan soene je wer ôfskale moatte. Dan soene guon minsken in kaartsje ynleverje moatte, en oaren wer net. Wy seine: takom jier mar wer. It is wat it is. Net krimmenearje, mar troch."

"Mar wy jouwe 24 oktober in livestream út ús oefenromte wei," fertelt Emiel. Hy leit it konsept efkes út. "Wy neame it Tegearre Smoar. Wy nûgje de minsken út om in kiste bier te heljen, dat dogge wy sels ek. Dan kinne de minsken thús ien nimme, dat drinke wy yn de studio ek ien. En ûndertusken spylje wy nûmers en fersyknûmers. En op Facebook kinne minsken fragen stelle."

Ferslachjouwer Willem de Vries by De Hûnekop

(advertinsje)
(advertinsje)