Tentoanstelling 'Besiele troch Fryslân' yn Tresoar

17 okt 2020 - 12:17

FRIA, de beropsferiening fan Noardelike keunstners, hat yn Tresoar yn Ljouwert in eksposysje ynrjochte mei de titel 'Besiele troch Fryslân'. Tritich beropskeunstners eksposearje wurk wêrby't se har ynspirearje litten hawwe troch Fryslân sels.

Ien fan de fjouwer wurken fan Saska Wagenvoort yn de tentoanstelling 'Besiele troch Fryslân' - Foto: Saskia Wagenvoort

It is de opfolger fan de suksesfolle eksposysje 'Besiele troch Alma-Tadema' dy't fjouwer jier lyn yn Tresoar te sjen wie. Foar 'Besiele troch Fryslân' hawwe de keunstners har ynspirearje litten troch it Fryske lânskip, de tsjerken, de minsken, it Waad, de loften, feesten, blommen, it ljocht, de kleuren, de skjintme en ek de fergonklikens.

De tentoanstellingsromte yn Tresoar - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

De keunstners brûke in hiel ferskaat oan techniken. Sa hat Wim Reimert út Ljouwert gebrûk makke fan blik, dat er op kurk plakt hat. Der hingje fjouwer fjouwerkante wurken dy't de stêd Ljouwert ferbyldzje.

Troch de donkere kleuren docht it wat tryst oan. "Misschien ben ik wel niet zo optimistisch over de toekomst op dit moment" jout Wim Reimert oan as him dêr nei frege wurdt. Reimert sil him net sa gau ynspirearje litte troch it Fryske lânskip omdat er dat wat te flak fynt.

Wim Reimert by syn wurk - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Saskia Wagenvoort fan Ljouwert hat de tentoanstelling ynrjochte. Sy is njonken keunstner ek dosinte en fisazjist. Har keunst is ynspirearre troch de 17e iuw: ljochte, serene froulike modellen. Foar de tentoanstelling 'Besiele troch Fryslân' hat Wagenvoort it Frysk kostúm ferwurke. Yn har wurk binne ek altyd blommen werom te finen.

Wagenvoort makket de modellen op, fotografearret se en dêrnei bewurket se de foto noch, sadat der in wat ferfrjemdzjend effekt ûntstiet. Se naait of borduert troch de foto hinne en dan makket se dêr wer in nije foto fan.

Besiele troch Fryslân

De eksposysje 'Besiele troch Fryslân' rint noch oant 28 febrewaris 2021. De tagong is fergees: besikers moatte har al efkes melde by de baly fan Tresoar.

Yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries op 18 oktober nei 11.00 oere in reportaazje oer de tentoanstelling mei Wim Reimert en Saskia Wagenvoort.

(advertinsje)
(advertinsje)