Hearrenfeantrainer Johnny Jansen sit op rôze wolk

17 okt 2020 - 08:48

It kin in prachtige wike wurde foar Johnny Jansen. De SC Hearrenfean-trainer en syn frou Shera binne ôfrûne woansdei de grutske âlden wurden fan in dochter: Loïs Esmée. En as Hearrenfean ek noch in goed resultaat hellet tsjin Ajax, dan is dat de kers op de taart.

Nei twa wiken sûnder kompetysjefuotbal reizget Hearrenfean snein ôf rochtig Amsterdam. SC Hearrenfean hat in prima kompetysjestart en hat nei fjouwer wedstriden noch hieltyd net ferlern. Hearrenfean reizget sels nei Amsterdam yn 'e wittenskip dat se ien punt mear hawwe as Ajax, om't de Amsterdammers de lêste wedstriid ferrassend ferlearen fan FC Grins (1-0).

By winst hat Hearrenfean de bêste seizoensiepening yn 'e kluphistoarje al wurdt dat noch in toer, de lêste útoerwinning op Ajax wie yn it seizoen 2008-2009.

"Het wordt een zware dobber"

Allinnich Arjen van der Heide sit nei by de seleksje. De fleugeloanfaller hat in ankelblessuere en Jansen wit net hoe lang hy út de rûlaasje is. Wa't him ferfange sil woe Jansen net bekend meitsje. Nei alle gedachten sil hy in kar meitsje tusken Benjamin Nygren ("Hij is wedstijdfit") en Ulysses Llanez. Jansen: "Zaterdag beslissen we verder wie er gaat spelen." Joey Veerman (ljisk) en Henk Veerman (boppeskonk) binne wersteld fan har blessueren en binne ynsetber.

Ajax is der yn de ôfrûne transferperioade net yn slagge in ekstra spits te heljen en dat wie wol de winsk fan trainer Erik ten Hag. Ten Hag is noch altyd op syk nei syn ideale opstelling. Dan wer stiet Labyad yn de punt fan de oanfal, dan wer Promes, Tadic of Traoré. It is Johnny Jansen om it even wa't der by Ajax yn 'e spits stiet. "Wie er ook in de spits staat, de manier van spelen van Ajax zal niet heel veel veranderen. Ze zullen op zoek gaan naar aanvallen, heel creatief zijn met veel lopende mensen, met de backs altijd hoog, op die manier dwingen ze je tot keuzes. Met wie ze spelen weet ik niet. Ze hebben een goede ploeg met veel talent: het wordt gewoon een zware dobber."

Njoggen moannen lyn makke Jansen syn debút as haadtrainer fan SC Hearrenfean yn de Amsterdam Arena. Doe as ferfanger fan Jan Olde Riekerink. Dy wedstriid einige yn in spektalulêre 4-4.

Stadionbubbel

Trainer Jansen is bliid dat der noch gjin coronafirus konstatearre is by syn spilersgroep. "Het is wel duidelijk dat we goed zijn in het communiceren met onze spelersgroep en de regels handhaven. Het is soms best lastig: de 1,5 meter, elke keer je handen schoonmaken. Maar we proberen het zo goed mogelijk te doen. Als staf proberen we er bewust van te worden. We hebben een bubbel gecreëerd in ons stadion waar eigenlijk niemand meer bijkomt. We zijn getest en zaterdag krijgen we de uitslag," seit Jansen.

As heit in stapke der by

Foar Jansen is it wol efkes skeakeljen, no't hy njonken trainer ek ynienen heit is: "Er komt wel een stapje bij nu. Het is elke nacht om de drie uur eruit, verschonen, voeden, etc. Maar het is zo gaaf. Ik vind het heel bijzonder. Er zijn heel veel mensen die zeggen: Johnny, als je dat meemaakt, dat geeft je zo'n mooi en goed gevoel. Ik moet zeggen, het heeft zich echt overtroffen. Ik heb altijd gedacht: ik geloof het wel, hartstikke mooi maar we zullen het zien. Nu maak ik het mee en het is zo geweldig mooi. Kriebels in mijn buik, elke keer weer.

Jansen docht syn bêst om it mei it fuotbal te kombinearjen. "Het is heel simpel: samenwerken. Je runt thuis ook een team, dat doen wij nu ook. Dat gaat hartstikke goed."

De wedstriid Ajax - SC Hearrenfean stie earst foar sneontejûn op it programma, mar is ferskood nei sneintemiddei. Dat hat it KNVB besletten omdat der noch fjouwer Nederlânske klups aktyf binne yn de Europeeske fuotbaltoernoaien. Under oaren Ajax hie in fersyk ynstjinne by it fuotbalbûn om rekken te hâlden mei de Europeeske wedstriden.

De wedstriid Ajax - SC Hearrenfean is snein live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer en de wedstriid begjint om 14.30 oere.

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bosniewicz, Woudenberg, Kongolo, J. Veerman, Batista Meier, Van Bergen, H. Veerman en Nygren of Llanez.

Johnny Jansen - Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)