Coronanijs sneon 17 oktober: Besmettingen by SC Hearrenfean; stilte op Fryske sportfjilden

17 okt 2020 - 22:49
  • By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, en ien spiler sit yn thúsisolaasje;
  • Der hat dizze wike gjin dei west mei minder as 100 nije besmettingen yn Fryslân;
  • Foar it earst sûnt de útbraak fan it firus binne der yn de hiele wrâld yn 24 oeren mear as 400.000 besmettingen konstatearre;
  • Neffens it RIVM kin de 'lockdown' dy't der no is wol oant desimber duorje;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:29
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 17 oktober 2020 oer it coronafirus yn Fryslân. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • Yn Fryslân binne hjoed 146 nije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, foar de twadde dei op rige is dat minder as in dei earder;
  • By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, en ien spiler sit yn thúsisolaasje;
  • Der wurdt wer in ambulânsehelikopter ynset foar it ferfier fan coronapasjinten, it giet om in reservehelikopter;
  • Kening Willem-Alexander is hjoed weromkaam fan syn fakânsje yn Grikelân, Keamerleden easkje opheldering fan de premier, dy't op de hichte wie fan de fakânsjeplannen;
  • De achttjin nije treinen dy't Arriva besteld hie, kinne takom jier pas levere wurde, seit deputearre Avine Fokkens;
  • De boargemaster fan Skylge ropt ynwenners fan it eilân op yn karantêne te gean, as se yn in risikogebiet op fakânsje west ha;
  • Nettsjinsteande de strange maatregelen wie it hjoed drok yn de binnenstêd fan Ljouwert;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier, dêr steane ek grafiken dêr't per gemeente te sjen is by hoefolle minsken oft it firus fêststeld is.

Moarn is al it Fryske nijs oer it coronafirus opnij te folgjen yn in liveblog op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân. En op de radio wurdt der grif ek oer it firus praat, ûnder oare yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries. De gasten binne horeka-ûndernimmer Geesje Duursma, CNV-foarsitter Piet Fortuin en FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer. De presintaasje is yn hannen fan René Koster, en it programma begjint om 11 oere.

Om 10 oere is der in tsjerketsjinst te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, fanút de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De tsjinst stiet ûnder lieding fan Christine Schlette. De liturgy is hjir te finen (pdf). Om 12 oere wurdt de tsjinst werhelle.

21:53
Unôfhinklik ynstitút ûntwikkelet keurmerk foar mûlkapkes

Begjin takom jier moatte de earste mûlkapkes mei in keurmerk yn de Nederlânske winkels lizze. It Nederlands Normalisatie Instituut, dat dêr oer giet wurket oan in sertifikaasje, en ropt saakkundigen op om in mûlkapke te ûntwerpen dat werbrûkber is.

In man mei in mûlkapke - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Voor consumenten is het nu onduidelijkheid of het product dat zij aanschaffen voldoet aan de nodige eisen en aan wat er op de verpakking staat", seit it ynstitút, dat it keurmerk op eigen inisjatyf ûntwikkelet.

21:05
Trije coronabesmettingen by SC Hearrenfean; ien spiler yn thúsisolaasje
20:37
Kening werom yn Nederlân, Rutte wie op de hichte fan fakânsjeplannen

Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en har trije dochters binne wer yn Nederlân. Se ha de fakânsje nei Grikelân ôfbrutsen, neidat dêr ophef oer ûntstien wie. "We zien de reacties van mensen op berichten in de media. En die zijn heftig, en die raken ons", skreaunen se yn in ferkearring.

Foto: ANP

Premier Mark Rutte wie op de hichte fan de fakânsjeplannen. Keamerleden wolle no witte oft er de kening ek ôfret hat om nei Grikel6an te gean. GrienLinks-lieder Jesse Klaver neamt it "een inschattingsfout" dat de kening nei Grikelân fertrok, dat er weromkaam is neffens him "het enige juiste besluit". En D66'er Joost Sneller seit: "Het was beter geweest als de premier de koning hiervoor behoed had."

19:48
Mear as 30 minsken komme de tsjerke fan Easterijtsjerk net yn: "De rest kin it thús folgje"

De tsjerke fan Easternijtsjerk hâldt him oan de regel dat der maksimaal 30 minsken yn ien romte wêze meie, ek al jildt der in útsûndering foar tsjerklike byienkomsten. Dat seit foarsitter Annie Bremer fan de tsjerkeried by RTV NOF. "Snein wiene it der op de kop ôf 30. Dêr wiene we hiel bliid mei. De rest kin it thús folgje, mei byld en lûd."

Foto: RTV NOF

It ôfrûne wykein hat de tsjerke fan Easternijtsjerk foar it earst de tsjinst rjochtstreeks útstjoerd, mei in nij byld- en lûdsysteem. "Dat is wol hiel moai, omdat der in berop op ús dien wurdt sa min mooglik minsken yn de tsjerke te hawwen."

Omrop Fryslân stjoert sûnt it begjin fan de twadde golf op sneintemoarn ek wer tsjerketsjinsten út, foar minsken dy't no leaver net fysyk nei de tsjerke geane. Alle wiken sjogge dêr tsientûzenen minsken nei. Yn oerlis mei de Fryske Rie fan Tsjerken en de Stifting Krúspunt hat de Omrop besletten om alle gefallen oant de ein fan dit jier de tsjerketsjinsten live út te stjoeren.

Moarn komt de tsjinst út de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wei, ûnder lieding fan Christine Schlette. De tsjinst begjint om 10 oere, en is rjochtstreeks te sjen op telefyzje, en op omropfryslan.nl. De liturgy is hjir te finen (pdf). Om 12 oere wurdt de tsjinst werhelle. Nei ôfrin binne alle tsjinsten online werom te sjen.

19:29
Oer de hiele wrâld noch noait safolle nije besmettingen op ien dei as hjoed

Foar de earste kear is it oantal nije coronabesmettingen wrâldwiid tanaam mei mear as 400.000 op ien dei. De measte gefallen komme út Europa. Dat wiene der de ôfrûne wike gemiddeld 140.000 op in dei, mear as India, Brazilië en de Feriene Steaten by mekoar.

Foto: ProNews

Frankryk meldt it heechste gemiddelde oantal nije gefallen yn sân dagen fan Europa, folge troch Ingelân, Ruslân, Spanje en Nederlân.

Meardere Europeeske lannen ha de skoallen ticht dien, hâlde op mei operaasjes dy't net perfoarst needsaaklik binne, en freegje studinten op by te springen yn de sikehûzen fanwege de nije opleving fan it firus.

18:08
Nije treinen ha fertraging troch coronafirus

De achttjin nije treinen dy't ferfiersbedriuw Arriva bouwe lit, komme letter. Dat meldt deputearre Avine Fokkens op twitter. De fertraging komt troch it coronafirus, seit se. De treinen wurde no ferwachte yn it foarjier fan 2021.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Earder waard al dúdlik dat Arriva mei yngong fan 13 desimber in tal busritten skrast, omdat der troch it coronafirus minder reizgers binne. Neffens Arriva is it oantal reizgers yn Fryslân mei 40 persint ôfnaam, yn ferliking mei in jier earder. Minsken wurkje mear thús en mije drokte.

17:00
Drokte yn Ljouwerter binnestêd

Ek al jilde der strange maatregels, om it coronafirus ûnder kontrôle te krijen, dochs wie it fannemiddei drok yn it sintrum fan Ljouwert. Ien man hie twa stokken yn de jas dien, sadat minsken wol ôfstân hâlde moasten. Neffens fotograaf Anton Kappers wiene de reaksjes op de man net allegearre like posityf. "Waar de een het leuk vond, waren anderen geïrriteerd dat ze aan de kant moesten."

16:50
Mûlkapkehantlieding oanpast nei flater yn ôfmjittingen

De hantlieding fan de Ryksoerheid foar it meitsjen fan net-medyske mûlkapkes is oanpast. It ministearje fan Folkssûnens hat in nije ynstruksje online set, mei de goeie ôfmjittingen. It ûndersyksprogramma Kassa hie útfûn dat de ôfmjittingen net klopten.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It omsetten fan Amerikaanske inches nei sintimeters wie ferkeard gongen. Dêrtroch kaam it patroan fan it mûlkapke te grut út, sadat de stof yn in protte gefallen net goed oansleat.

It stoflaapke dêr't it mûlkapke mei makke wurde kin, moat neffens de ynstruksje dy't hjoed publisearre is 25,4 by 15,2 sintimeter wêze. Yn de âlde ferzje wie dat 27 by 30 sintimeter. It elastyk dat om de earen sit is ek koarter. Dat wie 18, en is no 15,2 sintimeter.

16:48
Museum grypt hoarekasluting oan foar ekstra eksposysje

It kafee-restaurant fan Museum Belvédère op It Hearrenfean stiet fol mei abstrakte figueren fan stiel. Omdat de hoareka fjouwer wiken ticht moat, hat it museum fan de romte dy't frijkomt in eksposysjeseal makke.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Yn de nije tentoanstellingsromte is fuortendaliks in pop-up tentoanstelling ynrjochte. Besikers kinne noch wol kofje of in broadsje keapje, mar dat moatte se bûtendoar opite of -drinke. Dat wurket goed, seit museumdirekteur Han Steenbruggen. "Het is altijd minder dan het was, maar je moet creatief met de regeling omgaan."

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)