Liveblog | 17 oktober 2020

Coronanijs sneon 17 oktober: Besmettingen by SC Hearrenfean; stilte op Fryske sportfjilden

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 17 oktober 2020, 22:49
22:29

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 17 oktober 2020 oer it coronafirus yn Fryslân. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.
Moarn is al it Fryske nijs oer it coronafirus opnij te folgjen yn in liveblog op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân. En op de radio wurdt der grif ek oer it firus praat, ûnder oare yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries. De gasten binne horeka-ûndernimmer Geesje Duursma, CNV-foarsitter Piet Fortuin en FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer. De presintaasje is yn hannen fan René Koster, en it programma begjint om 11 oere.
Om 10 oere is der in tsjerketsjinst te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, fanút de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De tsjinst stiet ûnder lieding fan Christine Schlette. De liturgy is hjir te finen (pdf). Om 12 oere wurdt de tsjinst werhelle.
21:53

Unôfhinklik ynstitút ûntwikkelet keurmerk foar mûlkapkes

Begjin takom jier moatte de earste mûlkapkes mei in keurmerk yn de Nederlânske winkels lizze. It Nederlands Normalisatie Instituut, dat dêr oer giet wurket oan in sertifikaasje, en ropt saakkundigen op om in mûlkapke te ûntwerpen dat werbrûkber is.
In man mei in mûlkapke © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Voor consumenten is het nu onduidelijkheid of het product dat zij aanschaffen voldoet aan de nodige eisen en aan wat er op de verpakking staat", seit it ynstitút, dat it keurmerk op eigen inisjatyf ûntwikkelet.
21:05

Trije coronabesmettingen by SC Hearrenfean; ien spiler yn thúsisolaasje

By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus. It giet om twa meiwurkers en ien spiler. Se sitte yn thúsisolaasje. Dat meldt SC Hearrenfean. Om privacyredenen wol SC Hearrenfean net bekend meitsje om wa't it giet.
20:37

Kening werom yn Nederlân, Rutte wie op de hichte fan fakânsjeplannen

Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en har trije dochters binne wer yn Nederlân. Se ha de fakânsje nei Grikelân ôfbrutsen, neidat dêr ophef oer ûntstien wie. "We zien de reacties van mensen op berichten in de media. En die zijn heftig, en die raken ons", skreaunen se yn in ferkearring.
© ANP
Premier Mark Rutte wie op de hichte fan de fakânsjeplannen. Keamerleden wolle no witte oft er de kening ek ôfret hat om nei Grikel6an te gean. GrienLinks-lieder Jesse Klaver neamt it "een inschattingsfout" dat de kening nei Grikelân fertrok, dat er weromkaam is neffens him "het enige juiste besluit". En D66'er Joost Sneller seit: "Het was beter geweest als de premier de koning hiervoor behoed had."
19:48

Mear as 30 minsken komme de tsjerke fan Easterijtsjerk net yn: "De rest kin it thús folgje"

De tsjerke fan Easternijtsjerk hâldt him oan de regel dat der maksimaal 30 minsken yn ien romte wêze meie, ek al jildt der in útsûndering foar tsjerklike byienkomsten. Dat seit foarsitter Annie Bremer fan de tsjerkeried by RTV NOF. "Snein wiene it der op de kop ôf 30. Dêr wiene we hiel bliid mei. De rest kin it thús folgje, mei byld en lûd."
© RTV NOF
It ôfrûne wykein hat de tsjerke fan Easternijtsjerk foar it earst de tsjinst rjochtstreeks útstjoerd, mei in nij byld- en lûdsysteem. "Dat is wol hiel moai, omdat der in berop op ús dien wurdt sa min mooglik minsken yn de tsjerke te hawwen."
Omrop Fryslân stjoert sûnt it begjin fan de twadde golf op sneintemoarn ek wer tsjerketsjinsten út, foar minsken dy't no leaver net fysyk nei de tsjerke geane. Alle wiken sjogge dêr tsientûzenen minsken nei. Yn oerlis mei de Fryske Rie fan Tsjerken en de Stifting Krúspunt hat de Omrop besletten om alle gefallen oant de ein fan dit jier de tsjerketsjinsten live út te stjoeren.
Moarn komt de tsjinst út de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wei, ûnder lieding fan Christine Schlette. De tsjinst begjint om 10 oere, en is rjochtstreeks te sjen op telefyzje, en op omropfryslan.nl. De liturgy is hjir te finen (pdf). Om 12 oere wurdt de tsjinst werhelle. Nei ôfrin binne alle tsjinsten online werom te sjen.
19:29

Oer de hiele wrâld noch noait safolle nije besmettingen op ien dei as hjoed

Foar de earste kear is it oantal nije coronabesmettingen wrâldwiid tanaam mei mear as 400.000 op ien dei. De measte gefallen komme út Europa. Dat wiene der de ôfrûne wike gemiddeld 140.000 op in dei, mear as India, Brazilië en de Feriene Steaten by mekoar.
© ProNews
Frankryk meldt it heechste gemiddelde oantal nije gefallen yn sân dagen fan Europa, folge troch Ingelân, Ruslân, Spanje en Nederlân.
Meardere Europeeske lannen ha de skoallen ticht dien, hâlde op mei operaasjes dy't net perfoarst needsaaklik binne, en freegje studinten op by te springen yn de sikehûzen fanwege de nije opleving fan it firus.