Kollum: "Langstme nei de stâl"

17 okt 2020 - 08:21

"It is hjerstfakânsje. Dat wie yn myn jeugd in belangrike wike, want de oranje sparpot mocht dan nei de Boerenleenbank brocht wurde. De earste jierren wie dat oan de Streek yn 'Sint Jut'. Dêr siet immen dy't in spesjale kaai foar dy sparpotten hie en dan waarden de gûnen, kwartsjes, dûbeltsjes, stuorkes, sinten en as in meisiet in pear ryksdaalders yn in telmasine smiten.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

De minsken yn en om Sint-Jânsgea hawwe grif foar in grut part ek 3307 as begjinsifers fan harren Raborekken. Dêrnei kaam mei sierlike letters yn it boekje te stean hoefolle jo yn in jier sparre hienen. As klap op de fjoerpylk mochten jo dan in kado útsykje. Fansels wie it meast goedkeape rommel, want in bank hat himsels noch nea weijûn. Letter gienen wy nei de bank oan de Tolhûswei hjir yn It Feen, dus net yn It Fean, mar It Feen, dêr't de hjoeddeistige stadionspeaker fan VV Heerenveen direkteur wie. Mar doe wie de sjarme en spanning fan dat sparbankboekje der al lang ôf.

Foar de rest bestie de hjerstfakânsje út nuete kastanjes sykje by de rodendrumstrúk earne op in geheim plak yn de bosk en yn de wâlnutebeam op ús hiem klimme om de fruchten út de bolsters te heljen foardat se op de grûn foelen. Net sa spannend allegearre, alhiel net yn de eagen fan de bern fan no. Der wie gjin mobile telefoan, gjin playstation, gjin ynternet. Mar wy fermakken ús. Fuotbalje en op in âlde fyts rûntsjes om de pleats fleane.

Kollega Eelke Lok wie dizze wike waarsiik, sei er op Twitter. Ik haw dat as it boppe de tritich graden is, dan fiel ik my mankelyk. Eelke seach troch de drûge riten hinne de buien oankommen, wetter dat we hurd nedich hawwe omdat we mei syn allen in tekoart oan wetter krije. Dus mar even trochbite, Eelke, it wie de lêste fjouwer dagen al wer prachtich sinneskynwaar. Boppedat moat der al wat in laachje wetter op it lân komme, oars kinne wy it reedriden hielendal wol ferjitte. Ik bin tige optimistysk oer de kommende winter, dat bin ik ek alle kearen oer de Staatsloterij, je moatte dochs wat om de moed der yn te hâlden.

De hjerst is foar my dus gjin straf, mar ik moast oan de Blauwe Seilbokse tinke. It yllústere selskip fan seis jonges út de Súdwesthoeke dy't mei stipe fan de Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken it wrâldferneamde Boerekwartetspul betochten en op de merk brochten. In prachtich ferhaal oer djippe freonskippen dat in produkt oplevere mei skitterjende swartwytfoto's fan it Fryslân doe't de greiden noch fol mei fûgels wienen en de predaasje bestriden waard.

Ien fan de foto's yn dat kwartetspul giet oer de hjerst en lit in oantal pinken sjen dy't yn in reinbui mei rûne rêch achter in hikke stean te wachtsjen. Langstme nei de stâl, hjit dy kaart. Dat is de hjerst, byldzjender kinne je it net ûnder wurden bringe. Langstme nei gesellich yn in sfearfol ferljochte stâl of keamer wêze. Moaie ferhalen, goed iten en drinken. Neat mis mei de hjerst, it skoftsje dat we wachtsje op sterk iis, want dan komme de Friezen wer foar it ljocht."

(advertinsje)
(advertinsje)