Ungelok op krusing fan de Haadwei by Damwâld

17 okt 2020 - 08:04

Yn Damwâld binne freedtejûn twa auto's op inoar botst. It ûngelok wie op de krusing fan de Haadwei mei de Foarwei. Mooglik kaam it ûngelok troch it ferkeard ynskatten fan de foarrangssituaasje. De auto's wiene flink skansearre, mar de bestjoerders rekken net ferwûne.

Foto: De Vries Media

De plysje hat de botsing ûndersocht en de auto's binne nei it ûngelok fan de dyk helle.

Trefwurden: 
plysje Damwâld botsing
(advertinsje)
(advertinsje)