Omrop TIP: 'Denk het onmogelijke', in Fryslân DOK oer Pieter Kooistra

Mei de Fryslân DOK 'Denk het onmogelijke' sketst dokumintêremakker Anne van Slageren in portret fan Pieter Kooistra. De ideeën dy't Kooistra ein foarige iuw ûntwikkele, binne ek no aktueel.

In ein oan ûngelikensens

"Wees realistisch. Denk het onmogelijke." It binne de wurden fan de yn Ljouwert berne keunstner Pieter Kooistra (1922-1998). Hy woe de ûngelikense ferdieling fan de wolfeart yn de wrâld en de ferneatiging fan de planeet stilsette.
Pieter Kooistra yn in IKON-dokumintêre © IKON

'Ooit een basisinkomen'

"Hij was een visionair", sa stelt Annemieke Roobeek, heechlearaar oan de Nyenrode Business Universiteit.
Annemieke Roobeek, heechlearaar Nyenrode © Omrop Fryslân
Nei it sjen fan hongerjende bern yn Yndia begriep Pieter Kooistra dat keunst, dat er omskriuwt as 'it geastlike', net sûnder 'it materiële' kin. Hy gie op reis en betocht in plan foar in wrâld-basisynkommen.
Ekonoom Annemieke Roobeek foarseit no: "Een basisinkomen voor iedereen gaat ooit bij onze tijd en de wereld horen." Sy sjocht dêrby sels in rol foar de Europese Centrale Bank.
Pieter Kooistra oan it wurk yn it Veerhuis © IKON

Keunstútlien

Yn de Fryslân DOK 'Denk het onmogelijke' giet Brigitta Scheepsma, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Tytsjerksteradiel, op syk nei de minsk Pieter Kooistra en syn ideeën. Yn it Veerhuis aan de Waal yn Varik, dêr't Kooistra wurke, moetet se Henry Mentink, dy't de ideeën fan Pieter Kooistra yn libben hâlde wol.
Sy besiket Skylge, dêr't Kooistra in alternative fakânsjekoloanje opsette en op it idee kaam foar in keunstútlien. Yn 1989 waard dy oprjochte. Syn freondinne Trees Niekus fertelt oer de man syn drive: "Hij was niet te stoppen."
Brigitta Scheepsma, GrienLinks Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân
Fryslân DOK: 'Denk het onmogelijke', in portret fan Pieter Kooistra
Sneon 17 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 18 oktober 13.10 oere)
Snein 18 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).