Supermerk Eastersee makket mooglik trochstart

17 okt 2020 - 07:27

De kâns is grut dat Eastersee dochs in supermerk hâldt. Der binne gadingmakkers om de supermerk oer te nimmen. Dizze wike waard bekend dat de winkel sneontemiddei trije oere ticht giet. De eigener, soarchgroep Alliade, lûkt de stekker der út. De winkel wurdt troch Talant, ûnderdiel fan Alliade, brûkt foar deibesteging foar de kliïnten.

Foar de doarpsbewenners kaam it sluten as in ferrassing. Der wie altyd goed kontakt mei Alliade en de minsken fan de winkel, sa seit foarsitter Toine Trommelen fan pleatslik belang. "Ja, dit is voor ons een grote teleurstelling. We raken onze supermarkt kwijt. Het waarom is voor ons onduidelijk."

Wurdfierder Matthijs Bergsma fan Alliade seit it ek hiel spitich te finen mar dit dit in logyske kar is foar har: "We zijn een zorgorganisatie, geen supermarkt. Als het een goed middel is om onze cliënten te helpen dan blijven we het doen. Maar is dat het niet dan moeten we er een streep doorhalen."

Ynvestearje

Neffens Bergsma moat der ek ynvestearre wurde yn de winkel: "De werkomstandigheden zijn niet goed en de voedselveiligheid komt in het geding. Daarom moesten we snel handelen. We hebben dit in overleg met de cliëntenraad gedaan."

Foar de meiwurkers is in oar plak fûn, sa lit Bergsma witte. Alliade hat noch trije Superrr's. It is net dúdlik oft dy al iepen bliuwe. Bergsma wol dêr neat oer sizze: "Dat moeten we bekijken."

Bemiddeling

Yn Eastersee is noch praat om aksje te fieren tsjin de sluting, mar dat is te koart dei. Pleatslik belang wol him konstruktyf opstelle en bemiddelje om te sjen oft de winkel dochs trochset wurde kin. Neffens Trommelen binne der partijen ynteresearre.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn Eastersee

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)