Brân by bistefoerbedriuw yn Sumar: gjin minsken ferwûne

17 okt 2020 - 07:13

Yn Sumar wie yn de nacht fan freed op sneon brân by it bistefoerbedriuw Sonac. Dizze fabryk leit op it yndustryterrein oan de Damsingel, krekt ûnder Burgum. De brânwachten fan Burgum en Gytsjerk binne om 4.00 oere hinne útriden. Alle wurknimmers fan Sonac dy't yn de romte wiene dêr't de brân ûntstie, koene feilich bûten komme.

Sonac Burgum B.V. - Foto: Google Street View

Nei in lytse fjirtich minuten slagge it de brânwachten om it fjoer út te krijen. Hoe't de brân yn ien fan de gebouwen ûntstean koe, is net dúdlik.

Trefwurden: 
brân Sumar Burgum Gytsjerk Sonac
(Advertinsje)
(Advertinsje)