FIDEO: Bousektor net ûntefreden oer stikstofplan, mar wol problemen

16 okt 2020 - 19:40

De bousektor is net ûntefreden oer it stikstofplan dat lânbouminister Schouten dizze wike presintearre, mar dochs binne der wol problemen. Sa binne gemeenten yn it ferlienen fan fergunningen fierstente traach. Dat sei Marten Cornel fan bransj-organisaasje Bouwend Nederland yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.

De bousektor is mar ferantwurdlik foar in lyts diel fan de stikstof-útstjit, de agraryske sektor produsearret folle mear, en Cornel fynt dan ek dat de boeren no oan bar binne. Yn syn bousektor giet it op himsels wol goed mei de huzebou, sa seit Cornel, it probleem is de oanlis fan wegen. Dêr krije boubedriuwen yn it nije plan fan minister Schouten gjin stikstof-ûntheffing foar.

It Polytburo wurdt freeds om 17.20 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd en is it fansels ek online te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)