Smellingerlân ferheget ûnreplikesaakbelesting bot om begrutting rûn te krijen

De gemeente Smellingerlân wol de ûnreplikesaakbelesting takommend jier mei mar leafst acht persint ferheegje. De maatregel is neffens wethâlder fan finânsjes Felix van Beek needsaaklik om út de reade sifers te bliuwen.
Reade sifers Smellingerlan
Sûnder besunigingen en in hegere belesting komt de gemeente Smellingerlân takom jier 1,6 miljoen euro tekoart en de jierren dêrop noch mear. De gemeenteried sil der dêrom neffens Van Beek net oan ûntkomme om de belestingen te ferheegjen. "Als ze dat niet willen, zullen ze het geld elders moeten vinden. Het alternatief is artikel 12-gemeente worden, een gemeente onder toezicht, en dat moet je niet willen."

Ekstra lêsten boargers

De belestingferheging sil in trochsneed húseigener inkelde tientsjes yn it jier kostje. De gemeente wol de ynwenners yn alle gefallen foar in part kompensearje troch tagelyk de rioellêsten te ferleegjen. Likegoed kinne de ekstra lêsten de kommende jierren oprinne oant in euro as sechtich yn it jier. De ynwenners fan Drachten reagearje kritysk op dit foarstel.
Wethâlder fan finânsjes Felix van Beek
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
"De gemeente komt altiten tekoart, en no wurde de bewenners de dupe", seit in krityske Hennie Veenstra yn it sintrum fan Drachten. Ek Corrie Veenstra is min te sprekken oer de ferheging fan de lêsten. "Ik fyn it skandalich. Ik wenje yn in djoere flat en haw allinnich AOW. Ik kin soks net opbringe", fertelt se yn it Drachtster winkelsintrum.
Harkje nei reaksjes fan Drachtsters op it plan foar hegere gemeentlike belestingen
De gemeente nimt ek ferskate oare maatregels lykas besunigje op it ûnderhâld fan it iepenbier grien en it ynfieren fan toeristebelesting.

Diskusje oer taken

Neffens in saneamde benchmark - in fergelykjend ûndersyk - is Smellingerlân yn fergeliking mei oare gemeenten in soad jild kwyt oan jeugdsoarch, maatskiplike taken en keunst en kultuer. Om ek op langere termyn finansjeel sûn te bliuwen, sil de gemeenteried de kommende hjerst yn in saneamde kearntake-diskusje prate oer watfoar taken de gemeente yn 'e takomst noch dwaan wol.
Smellingerlân hat, yn fergeliking mei oare gemeenten mei likefolle ynwenners, ek mear amtners en dêrtroch mear kosten. Mar om de organisaasje ôfslanke te kinnen, sil de gemeenteried wol earst beslute nimme moatte oer taken dy't de gemeente de kommende jierren minder of miskien wol hielendal net mear útfiere wol.
De gemeenteried sil op 27 oktober foar it earst prate oer de begrutting foar takommend jier. Dy gearkomste is fysyk yn de riedseal yn Drachten. Publyk en ek parse binne hjirby net wolkom fanwegen de coronaregels.