Ludinga Vastgoed moat gemeente Harns twa miljoen euro betelje

16 okt 2020 - 15:36

Ludinga Vastgoed moat gemeente Harns 2,15 miljoen euro betelje. Dat hat de rjochtbank dizze wike besletten. It bedriuw hat him net oan de ôfspraken holden dy't sletten waarden oer de bou fan wenwyk Ludinga.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar de bou fan wenwyk Ludinga, yn it súdeasten fan de stêd Harns, brochten sawol de gemeente Harns as Ludinga Vastgoed grûn yn. De ôfspraken dêroer, wêrûnder de oerienkomst dat Ludinga Vastgoed bydrage soe yn de plankosten en de nedige foarsjennings, waarden troch Ludinga net neilibbe, sa oardiele de rjochter.

Wethâlder Paul Schoute fan Harns is tefreden mei de útspraak fan de rjochter. "Op zich wel. Je bent nooit blij als je naar een rechter moet om afspraken af te dwingen, maar als het dan toch moet, dan kan het maar beter zo aflopen."

Gjin ferrassing

Wim Sleijfer, de advokaat fan Ludinga Vastgoed, lit witte dat de útspraak fan de rjochter gjin ferrassing is en dat se nei alle gedachten nije wike heger berop yntsjinje sille.

It bedriuw hold al rekken mei de miljoenen dy't it no betelje moat oan de gemeente Harns, mar fynt dat it op bepaalde punten gjin fergoeding ferskuldige is. Dat bedrach soe yn de tonnen rinne en it giet dan ûnder oare om de plankosten fan it nijbouprojekt.

Wethâlder Paul Schoute fan Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)