Warkumer moat acht moanne de sel yn foar ûntucht mei bernsbern

16 okt 2020 - 15:19

In 75-jierrige man út Warkum is freed feroardiele ta in selstraf fan acht moanne foar ûntucht mei syn bernsbern. Ek hat de rjochter in selstraf fan 12 moanne ûnder betingst oplein mei in proeftiid fan trije jier.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man hie ferline simmer syn twa bernsbern, famkes tusken de trije en fiif jier, betaast. "Verdachte heeft misbruik gemaakt van het vertrouwen van de kinderen op een plek waar zij zich veilig moesten voelen", oardiele de rjochtbank. Untucht mei in oare pakesizzer, in jonge, waard troch de rjochter net bewiisd fûn.

De Warkumer hat in autistyske fersteuring en is dêrom fermindere tarekkenber. Hy moat him behannelje litte en moat him nei syn selstraf melde by de reklassearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)