Tilster feroardiele ta wurkstraf foar mishanneling en helen

16 okt 2020 - 14:38

In 62-jierrige man fan Koatstertille is freed feroardiele ta in wurkstraf fan tachtich oeren fanwegen mishanneling en helen. De Tilster hat yn maaie by in ferkearsrûzje in frou mishannele.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Tilster kaam de frou tsjin op in smelle dyk. Doe't sy frege oft er oan de kant gean woe, waard er neffens de frou fuort agressyf. Hy pakte de frou by de kiel en brocht skea oan har auto oan.

Ek hie de man yn 2018 in heechwurker kocht sûnder kentekenpapieren. It die bliken dat dy masine stellen wie, mar de Tilster sei fan neat te witten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)