Caroline van de Pol beneamd ta boargemaster fan Skylge

Caroline van de Pol is offisjeel beneamd ta boargemaster fan Skylge. De VVD-politika folget waarnimmend boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld op.
Caroline van de Pol © Gemeente Koggenland
Van de Pol waard yn augustus foardroegen troch de gemeenteried fan Skylge út in kar fan 41 kandidaten. Sy is no noch wethâlder yn de gemeente Koggenland yn Noard-Hollân. Van de Pol begjint op 28 oktober yn gemeente Skylge.
De boargemasterspost fan Skylge kaam yn april frij nei it fuortgean fan Bert Wassink. Hy waard wethâlder yn Ljouwert. Hermans-Vloedbeld folge him doe op as waarnimmend boargemaster.