Sikehûs Nij Smellinghe stelt operaasjes út: "We zien een toestroom aan coronapatiënten"

16 okt 2020 - 20:46

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stelt plande operaasjes út fanwegen it tanimmen fan it tal pasjinten mei it coronafirus. It sikehûs ferwachtet dat de tastream fan coronapasjinten noch grutter wurdt en dêrom wurde fan moandei ôf twa fan de seis operaasjekeamers sletten. Pasjinten mei in ôfspraak foar in operaasje krije te hearren dat de operaasje útsteld wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"Op dit moment zien we een toestroom aan coronapatiënten", seit Ellen de Jong fan Nij Smellinghe. "We sluiten twee van onze operatiekamers, waardoor ongeveer 25 procent van onze planbare operaties niet doorgaan." Neffens it sikehûs is dat needsaaklik om it tal bêden foar coronapasjinten frij te meitsjen en om mear ferpleechkundigen en spesjalisten frij te meitsjen.

"Vervelend"

"Het is heel vervelend, maar wat wel heel belangrijk is dat we de coronapatiënten kunnen opvangen", seit De Jong. Pasjinten krije persoanlik berjocht fan it sikehûs. Ofspraken fan de polykliniken geane op dit stuit noch wol troch. Ek de onkologyske behannelingen, spoedsoarch, de kreamkunde en oare soarch dy't net wachtsje kin bliuwe trochgean.

Hoelang't der operaasje útsteld wurde moatte, is noch net dúdlik. "Dat hangt er vanaf hoe snel we onze operatiekamers weer kunnen openen, dat is voor nu lastig aan te geven. Je ziet een heel duidelijke toename van coronabesmetting en je weet nog niet wanneer die weer afschaalt."

Ellen de Jong fan Nij Smellinghe

(Advertinsje)
(Advertinsje)