Freedsmerk oer 10 jier premier Rutte: "It is dochs swabberbelied dat hy fiert?"

16 okt 2020 - 13:52

Mark Rutte wie dizze wike op 'e kop ôf tsien jier premier fan Nederlân. De Ljouwerter freedsmerk makke de balâns op en it oardiel pakte bepaald net ienriedich út.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"De beste premier die we sinds de oorlog hebben gehad. De werkloosheid historisch en blijvend laag en hij heeft daarnaast noodzakelijke ombuigingen doorgevoerd. Fantastisch. Echt heel goed!" In oar wie dúdlik minder entûsjast en ferwiisde nei de drokte by de Voedsel- en kleanbanken. "En dat in één van de rijkste landen!" De grienteman wie troch 'agenda 2030' de eagen iepene. "Zoek dat mar op, politisi bin in pion, de elite bepaalt!"

'Pappen en nathouden'

De measten fûnen dat hy it de ôfrûne tsien jier behoarlik dien hie en kamen út op in 7 à 8 as rapportsifer. De ûnfoldwaanden kamen fan minsken dy't him net fertrouwe: "It is dochs swabberbelied dat hy fiert? Pappen en nathouden, mear net."

Wylst in oar wiisde op de miljarden stipe foar KLM: "Dat giet nei de oandielhâlders en nei Frankryk, wylst it personiel op strjitte komt. Hy hat te folle freontsjes yn top fan de bedriuwen", seit ien. "Rutte, jammer. Nederland aan de bedelstaf".

Oer de fraach oft er noch in perioade trochgean moat, wie men it ek net iens. "Het gevaar dreigt dat je toch te lang doorgaat. Dat zag je bij Lubbers en Kok destijds ook."

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk Mark Rutte
(Advertinsje)
(Advertinsje)