De Fûgelhelling set stikelbargen út by AquaZoo

16 okt 2020 - 13:02

Foar in tal stikelbarchjes, dy't earder by de stichting De Fûgelhelling opfongen wiene, is it in moaie dei. Se binne sûn en sterk genôch om wer de frije natuer yn te gean. En wêr kin dat better as yn de Fryske bistetún Aquazoo yn Ljouwert.

Lytse stikelbaarchjes útset by AQUAZOO

It is foar it earst dat De Fûgelhelling en AquaZoo op dizze wize gearwurkje. Oft der mear stikelbargen útset wurde kinne by AquaZoo, is noch mar de fraach. "Je moet niet vergeten dat hier al van alles leeft. Er zitten veel dieren in de opvang, dus we moeten goed kijken aan hoeveel dieren we hier plek kunnen bieden", fertelt William Kreijkes fan AquaZoo.

"Buiten onze exotische soorten die we aan de bezoekers laten zien, leeft hier ook veel inheemse natuur. We zitten ook nog eens in een natuurgebied, dus we zien veel soorten voorbijkomen", seit Kreijkes. Der wurdt sjoen oft der mooglik ek fûgels út De Fûgelhelling pleatst wurde kinne by de bistetún.

Noflik plak

By AquaZoo ha de stikelbarchjes in noflik plak, seit Kreijkes. "We zitten middenin een natuurgebied, daar leeft en gebeurt al van alles, zeker in deze tijd. Er is nog voldoende voedsel voor ze te vinden."

Der binne freed njoggen stikelbarchjes loslitten yn it park. Se giene al gau de bosk yn en joegen har dêr del. "We zitten midden overdag, dus ze zoeken nu een plekje op waar ze nu slapen. Als het dan weer donker wordt zullen ze weer actiever worden."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by AquaZoo

(Advertinsje)
(Advertinsje)