Ofrûne wike 1.158 besmettingen: 'Trend fan jongelju, nei âlden nei pake en beppe"

16 okt 2020 - 12:48

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is op 'e nij tanaam: ôfrûne wike binne der 1.158 minsken posityf test. Yn totaal binne der 9.368 tests dien. Yn sân Fryske gemeenten is it tal besmettingen ferdûbele of sels fertrijedûbele. It giet net altyd om hege oantallen, mar neffens dokter Paul Tan fan GGD Fryslân is it wol in trend. Ek falt de GGD op dat der hieltyd mear âlderein besmet rakket.

De yngong fan de coronafirus-testlokaasje yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Der binne ôfrûne wike twa minsken ferstoarn dy't besmet wiene en der binne 10 pasjinten yn it sikehûs opnaam. Der binne 242 minsken mear test as in wike earder.

Efterstân

Op moandei wie der sprake fan in pyk yn it tal besmettingen (294). Mar dit hie te krijen mei in efterstân fan it boarne- en kontaktûndersyk fan GGD Fryslân. Dy efterstân waard snein ynhelle. "We hadden te maken met een achterstand van de uitslagen van de laboratoriums. Mensen waren positief getest, maar wij kregen de cijfers pas twee-drie dagen later binnen. Die kwamen bovenop het normale aantal mensen dat binnen kwam. Daardoor was er dus ineens een piek in het aantal positief geteste mensen dat we moesten verwerken," seit Paul Tan. "We konden helaas niet meer een bron- en contactonderzoek voor iedereen. Want de 294 gevallen waren veel te veel om op één dag te verwerken."

No is de GGD wer by mei it tal besmettingen: der wurkje mear minsken en ek op jûntiid kinne minsken belle wurde. "Het gaat nu om de werkelijke aantallen. Maar het betekent wel dat we in Fryslân een stijging zien in de absolute aantallen." GGD Fryslân kin it yntusken wol wer better oan. "We kunnen het deze week beter hanteren, we hebben meer testcapaciteit. Maar het aantal mensen dat zich laat testen is ook wat gedaald. Het is net alsof de herfstvakantie daar een rol in speelt."

Fan jongerein, nei âlden en âlderein

Neffens Tan wurdt hieltyd dúdliker dat de leeftiid fan de minsken mei nije besmettingen oprint. "We zien heel duidelijk in de grafiek dat in begin september de meeste besmettingen tussen de 18-30 jaar waren, een paar weken later tussen de 50-60 jaar en nu de laatste week ontstaat er een piek bij de leeftijdsgroep 60+. We zien dus een uitbreiding van de jongeren naar de ouders en vervolgens naar opa en oma. Dat is ook wat we landelijk zien." Soarchlik is it wol, want it giet om de meast kwetsbere groep.

Boarne- en kontaktûndersyk

It is neffens Tan spitich dat der te min sicht is op de fersprieding om't der net genôch romte is om it boarne- en kontaktûndersyk te dwaan. "Daarom vragen we mensen om zelf contact op te nemen en de informatie te versturen. Maar het zou natuurlijk beter zijn als wij dat zouden kunnen doen. We zijn wel aan het opschalen en werken nieuwe medewerkers in. Ik denk dat als er zo'n 100-150 besmettingen zijn, dan kunnen we het nog aan. Maar daarboven moet het informeren anders."

As minsken lang wachtje moatte op in test en útslach, dan nimt ek it draachflak ôf, tint Tan. "Dat is ook terecht. Mensen denken: ik heb me laten testen, waarom duurt het zo lang?"

Groei yn ferskate gemeenten

Yn Ljouwert binne noch hieltyd de measte besmettingen. Mar yn guon oare gemeenten giet it ek rap omheech. "In verschillende gemeenten zien we een groei, soms een verdubbeling en soms een verdriedubbeling. In sommige gemeenten zijn het maar kleine aantallen. Harlingen had bijvoorbeeld vorige week 7 en nu 22. Dat is zogezien een verdriedubbeling. Dat zijn nog kleine aantallen, maar het is wel een trend."

Dokter Paul Tan fan GGD Fryslân

It tal nije besmettingen fan dizze wiken yn de Fryske gemeenten

Gemeente Tal coronabesmettingen
Ljouwert 303
Súdwest-Fryslân 182
De Fryske Marren 92
Smellingerlân 99
Hearrenfean 83
Waadhoeke 75
Achtkarspelen 58
Eaststellingwerf 43
Tytsjerksteradiel 53
Noardeast-Fryslân 33
Opsterlân 30
Weststellingwerf 28
Dantumadiel 23
Harns 22
Skylge 22
Amelân 8
Flylân 4
Besmettingen yn Fryslân de ôfrûne trije wiken - Foto: Omrop Fryslân

Besjoch ús dossierside foar in folslein oersjoch fan de coronasifers yn Fryslân.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)