Alvestêdehal bliuwt iepen, mar mei in soad beheinings

16 okt 2020 - 12:31

De iisklups kinne ek de kommende wiken traine yn de Ljouwerter Alvestêdehal. Troch de nije coronamaatregels is it in hiele puzel, want der kinne mar 30 minsken per kear op de baan, ek as it jonge bern binne. Neist de trainings sil de baan ek noch in pear dagen iepen foar rekreative riderij.

IIshal bliuwt iepen

"De regeljouwing is yngewikkeld, omdat je te krijen ha mei meiwurkers, begelieders en trainers", seit direkteur fan de Alvestêdehal Klaas Siderius. "Alles yn it belang fan feiligens kinne je rekkenje ûnder meiwurkers, mar de trainer falt ûnder it tal dielnimmers. Dan ha je in mingde groep en komt de beheining fan 30 persoanen yn byld."

Net mear as tritich persoanen op de baan dus, en dat docht de iishal sear, seit Siderius. Dochs hat er ek begryp foar de maatregels. "Foar ús as iisfanaten docht dit sear, mar je binne ek bliid dat der maatregels komme. Wy ha hjir gewoan in protte minsken binnen, dan is it hiel begryplik dat wy efkes radikaal yngripe moatte om net te hiele winter kwyt te reitsjen."

Safolle mooglik minsken op it iis

Ek finansjeel binne de strangere maatregels swier foar de iishal, mar it is net it wichtichste, sa seit Siderius. "It finansjele komponint ha wy fansels wol meinaam, want it is wol wichtich dat wy oar jier mei wat jild op 'e bank starte. Mar it hat net liedend west yn de beliedsfoarming, wy wolle safolle mooglik minsken fan it iis genietsje litte, op feilige ôfstân."

De maatregels jilde foarearst foar fjouwer wike, en de Alvestêdehal hopet dan wer wat mear minsken talitte te kinnen. Mocht dat net slagje, kinne de finansjele gefolgen grut wêze. "Dan wurdt it in stik yngewikkelder. Dy forecast hawwe wy al makke, dêr wurde je net bliid fan."

De Alvestêdehal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Klaas Siderius

(Advertinsje)
(Advertinsje)