IIsklup 'Rept U' fan Top en Twel bestiet 150 jier

16 okt 2020 - 10:46

IIsklup 'Rept U' fan Toppenhuzen en Twellingea hat tongersdei it 150-jierrich bestean fierd. De iisferiening fan Top en Twel is oprjochte op 15 oktober 1870 om hurdriderijen te organisearjen. Tongersdei is it jubileum fierd mei it úthingjen fan de flagge.

Foto: IJsclub Rept U

De earste wedstriid fan de klup is ferriden op 30 desimber 1870 op de Brêgesleat. Alle feestlike aktiviteiten foar it jubileum binne foar in part skrast en foar in part ferpleatst. Dat komt fansels fanwegen it coronafirus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)