Bestjoer wol ein meitsje oan eigen linkse beweging PAL

16 okt 2020 - 09:26

De beweging Progressieve Aktie Leeuwarden, better bekend ûnder de ôfkoarting PAL, hâldt nei alle gedachten op te bestean. Dat is in foarstel fan it bestjoer dêr't de lêste oerbleaune PAL-leden takom wike oer beslute moatte.

Foto: Omrop Fryslân

De oarsprong fan PAL leit yn 1970, by it manifest fan Axies. Dy woene wat dwaan oan de politike ferhâldingen yn Ljouwert. "Er zitten in alle politieke partijen mensen die wel snel vooruit willen maar niet vooruit kunnen vanwege hun duffe achterban", stie yn it manifest yn de Ljouwerter Krante. "Politiek mag dan een vuile zaak zijn, maar als je je met je goeie ideeën afzijdig houdt, blijven de kanalen naar het beleid verstopt."

Gearwurking mei PPR en GrienLinks

Axies woe ien termyn de polityk wekker skodzje en dan wer ophâlde. It waarden twa terminen en yn 1978 gong Axies mei de PPR fierder ûnder de namme Progressieve Aktie Leeuwarden. Yn 1990 begûn de gearwurking mei GrienLinks en waard de namme fan de partij PAL GrienLinks.

Dy partij sit no mei fiif sitten yn de Ljouwerter gemeenteried, mar der is gjinien mear fan PAL mei in ynbring yn de ried of de kommisjes. It lêste PAL-lid dy't in promininte rol spile yn PAL GrienLinks wie Piet van der Wal, dy't ferline jier stoarn is. By de start fan de gearwurking hie PAL noch 140 leden, no binne dat der minder as 20.

Neffens PAL sels komt it troch de fergrizing, mar ek trochdat dat de beweging sels net genôch dien hat oan it oanwinnen fan nije leden. Oare leden binne fuortgong en lid wurden fan GrienLinks.

Taak net folbrocht

De taak fan PAL is nei eigen sizzen net folbrocht. Der binne noch tal fan saken yn de gemeente Ljouwert dy't om in progressivere oanpak freegje, seit it bestjoer.

Hielendal wis is de opheffing noch net. Oare opsjes binne dat it in diel fan GrienLinks bliuwt, mar dat de namme ferdwynt, of it bliuwt wol bestean mei nije leden ûnder de namme PAL GrienLinks, of PAL stapt út de gearwurking mei GrienLinks en giet selsstannich fierder. Mar ek dan moatte der wol nije leden by komme.

Trefwurden: 
Ljouwert GrienLinks polityk PAL
(Advertinsje)
(Advertinsje)