Apeltsjes fan Oranjewâld: sop fan Stichting Fryske Frucht by it brochje

16 okt 2020 - 08:43

De hiele moanne oktober kinne Friezen wer apels donearje oan Stichting Fryske Frucht foar de ynsammelwiken dy't elts jier hâlden wurde. Fan dy apels wurdt ûnder oare sop makke, dat wurdt wer oan hoareka, B&B's en winkels ferkocht. Sa moat it fruit net ferlern gean, mar in duorsume bestimming krije. Dat is de misje fan Stichting Fryske Frucht: in bestimming fine foar fruit dat oars weismiten wurdt.

Apels Fryske Frucht

Benammen yn de Fryske Wâlden binne in soad fruitbeammen te finen. Mei it jild dat fertsjinne wurdt, kin der takom jier op 'e nij apelsop bottele wurde.

In goed plak

Tjitte de Wolff fan Stichting Fryske Frucht fertelt dat sy no dwaande binne om de rispinge fan dit jier binnen te heljen. "De kwaliteit is oant no ta prachtich, wy hawwe in soad apelrassen. Apels falle fan de beammen, mar krije net altyd in goed plak. Minsken witte it net, mar wy helje se fergees op. Ek parren en cranberry's. Wy sette kratten del, of minsken bringe it nei de ynleverpunten." De Wolff is ek de baas fan Hotel Tjaarda yn Oranjewâld. Dêr kinne gasten mei it moarnsmiel apelsop drinken fan de stichting.

Apels fan in hôf yn Donkerbroek - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Tjitte de Wolff fan Stichting Fryske Frucht en Hotel Tjaarda

Foarsitter Wibo de Vries fan de stichting wennet yn Donkerbroek. Hy hat sels in flink hôf. De Vries: "Yn dit hôf binne der apels en parren. En benammen âlde apelrassen, net de Granny Smith of Jonagold, mar bygelyks de Notarisapel. Wy hawwe it der sels delset. Net allinne efter hûs, mar ek op in stik lân. Op dit hôf steane goed 100 apelbeammen."

It sammeljen fan de apels is noch in flinke put. "As je in bytsje beam snoeie moatte, binne je sa in oere dwaande. Wy dogge in soad yn gearwurking mei de Snoeibrigade. De meast lette soarten hingje noch, dy wurde der takom jier ôf helle. Wy hawwe sa'n 6.000 kilo fan de beammen helle. Dat giet yn apelsop, mar ek yn oare produkten," seit De Vries.

Alde fruitrassen

Just de selsume apelrassen binne sa moai, fynt De Vries. "Dy âlde rassen binne wichtich om't in soad dêrfan útstjerre. Dat jildt ek foar de beammen mei heechstam, dêr is it dreger by om der apels út te heljen. En yn dizze coronakrisis is it goed om omtinken te freegjen foar streekprodukten."

Op 27 oktober is der in apeltaartwedstriid en dan wurdt ek it earste fleske presintearre fan de rispinge fan dit jier.

Foarsitter Wibo de Vries fan Stichting Fryske Frucht

Minsken kinne mei harren apels terjochte by njoggen ynleverpunten. Dat is by Hof van de Koning op It Hearrenfean, Het Spijshuys yn Boarnburgum, De Pleats yn Burgum, De Herberg van Smallingerland op De Rottefalle, Café Marktzicht yn Drachten, It Griene Nest yn Sumar, De Bosberg yn Appelskea, Hotel Lunia yn Aldeberkeap, Op 'e Stal yn Bûtenpost en de famylje Jonker yn Noardburgum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)