Kollum: "Hyt wiif"

16 okt 2020 - 08:15

"Stel do stiest yn in winkel by de kassa ôf te rekkenjen en wurdst ynienen út it neat wei sa hyt datst de klean it leafst útsmite wolst. De jas, de trui, it himd, de broek, skuon, sokken; it sit dy allegear freeslik yn 't paad want kinst de waarmte net kwyt. It swit brekt dy út, benammen yn 'e nekke en op 'e rêch dus dochst earst de jas mar oer de skouders om sa dochs wat ferkuolling te finen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It senario dat ik hjirboppe skets bart dus geregeld en dat alle dagen op 'e nij, ast yn 'e oergong sitst. It gie eins bêst wol goed mei de opfleaners, dat wol sizze, ik hie der net in soad lêst fan. Mar op 't heden fleane se my wer entûsjast om 'e earen en op sa'n momint fljoch ik gauris nei bûten.

Begrypst krekt wat in opfleaner is ast ien hân hast. Dat is ek sa mei in fleach ast in poppe krijst. It binne fan dy dingen dêr'tst dy gjin foarstelling fan meitsje kinst ast it noch net field hast, mar op it momint dat it dy oerkomt, witst drekt wat it is. In fleach docht ornaris ferrekte sear en dy pine komt en giet en in opfleaner fielt as in fulkaan yn myn liif dy't op it punt fan útbarsten stiet.

Yn in pear sekonden wurd ik dan sa allemachtich hyt en dat gefoel brûst him benammen in wei nei boppe. As ik dy waarmte op sa'n momint net kwyt kin, dan kin ik wol gek wurde. Thús smyt ik gau de boppeklean, skuon en sokken út en as dat noch net helpt, dan gean ik dus nei bûten om ôf te kuoljen.

Ik rin thús op 't heden in soad yn myn himd en op slippers en dat foldocht my it bêste. Jelle en de bern binne der al oan wend, mar ik smyt de klean net út yn in winkel. In opfleaner yn 'e auto is al sa ferfelend want dan kinst noait sa gau wat útdwaan. As ik net stopje kin by de dyk del, dan doch ik it rút iepen en de airco oan om sa hooplik de switskea te beheinen.

Ast der dingen oer lêst dan wurdt der wol sein dat it troch stress komme kin. Mar yn njoggen fan de tsien gefallen oerkomt it my gewoan, ek as ik bygelyks op de bank lis. Of op bêd en dan witst net hoe gau ast de tekkens fan dy ôfsmite moast. Yn in selsskip sis ik it faak mar gewoan as de waarmte my ta de earen útbrûst, sa as lêst doe't der in freon fan ien fan ús jonges by de keukentafel siet.

'Ik docht myn trui efkes út, hear, want ik haw in opfleaner,' sei ik. 'Sit dyn mem al yn de oergong?' Ja, dus en de jonges suchten omraak en wikselen wat ûnderfiningen út. In mem yn de oergong is fansels fet yrritant mar sa't ik wol faker sis, it libben is gjin mearke dus se moatte it der mar mei dwaan. Krekt as ús en dat fyn ik folle begrutliker.

Ik ha altyd immen west dy't it earder kâld as waarm hie. Dan hie ok no bygelyks alwer in koltrui oan en sliepte ik yn in flanellen piama mei lange mouwen mar dat is wol feroare! Op bêd haw ik net in soad mear oan, ik smyt te pas en te ûnpas de klean út en rin it leafst healneaken om.

Mei tank oan de oergong, bin ik einlings in hyt wiif wurden! Ik bin benijd wat my noch mear te wachtsjen stiet!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)