Jan van der Bij giet fan it Earnewâldster skûtsje nei EK-goud: "Dat besefst net!"

16 okt 2020 - 08:00

Absurd en ûnwerklik. Samar twa wurden dy't fertelle hoe roeier Jan van der Bij him fielt nei de Europeeske titel. Snein wûn Van der Bij mei de fjouwer-sûnder-stjoerman in gouden medalje op it EK roeien yn it Poalske Poznan. De prestaasje fan de roeier út Aldegea (Smellingerlân) is noch opfallender, as je betinke dat er pas fiif jier lyn begûn is mei roeien.

Jan nimt ús mei nei de gouden finale fan it Europeesk kampioenskip:

Jan, fan herte lokwinske mei de EK-titel! Hoe is dyn karriêre begûn?

"Ik haw earst oan de NHL studearre en doe seine dosinten: 'Ast echt accountant wurde wolst, moatst trochgean'. Sadwaande bin ik fiif jier lyn yn Amsterdam belâne. Doe soe ik efkes in masterstúdzje fan ien jier dwaan, mar dat rûn út. Ik waard lid fan in roeiferiening en dêr seagen se wol wat yn my. Ik bin by de top fan de feriening scout troch coach Mark Emke. Dy hat my útnûge by it Nederlânsk team. Dat wie yn myn tredde jier. No binne we yn it fiifde jier en haw ik in gouden medalje om 'e nekke. Dat is absurd!"

Hoe is it om yn fiif jier fan hielendal neat nei de top fan Europa te gean?

"It moat noch hieltyd besinke. Datst sa gau by de top sitst, dat is super ûnwerklik, echt net te leauwen. Dêr hast folle tiid foar nedich hân. Jonges wêrmei ik roeide, hiene it dûbel oantal oeren yn de boat sitten as ik. Do moatst altyd leare wolle en lústerje nei wat in oar seit. Ek al ha se kommentaar op dy, der sit altyd in kearn fan wierheid yn en dêr kinst fan leare."

Foto: Omrop Fryslân

Wêrom bisto dan sa goed?

"Dat is in goeie fraach, haha. Ik bin opgroeid mei it skûtsjesilen. Mei ús heit siet ik altyd op it Earnewâldster skûtsje. Dat is ek topsport. En ik ha reidsnijer west mei ús heit. Ast altyd troch it moeras hinne wâldest, bist ek wol fit. Dat kaam der ek út op de roeimasine. Troch de goeie coaching en oare roeiers, sit ik hjir no. Dêr ha ik in hiel soad oan te tankjen."

Bist dan in supertalint?

"Haha. Ik wol mysels net omskriuwe as in supertalint. Mar ik tink dat it altyd kin, ast mar wolst. Mar, blykber ha je wol wat oanlis."

Hoe komt in Fries sa by roeien?

"It begjint op in goeie buorrel yn in yntrowike. Nei in pear buorrels wurde je wat útdage en wolle je sjen litte op in masine dat ek de Friezen sterk binne. Dêr sette ik de rapste tiid del en sa waard ik útnûge by in studinteroeiferiening yn Amsterdam. Dêr foel ik op by de coach. It is prachtich hoe't dat ferrûn is."

Besjoch hjirûnder de reportaazje oer Jan:

Wat is der sûnt dy gouden race allegear op dy ôfkaam?

"Fan alles. Ik ha safolle WhatsApp-berjochtjes krigen, dat is ûnfoarstelber. Komst der hast net trochhinne. Ek fia Facebook en Instagram, alles is sa oerweldigjend. Dêrtroch hast sels ek noch net it besef watst dien hast. Ast ek opsikest hoefolle der Europeesk kampioen wurden binne yn de fjouwer-sûnder-stjoerman, dat is in tydsje lyn. De nammen dy't dêryn sitten hawwe, dy kinst yntusken. Dat binne grutte jonges. Dan tinkst: 'Dêr hear ik miskien no sels ek wol by'. Dat is noch in bytsje apart. It is hiel bot wenne, dat besefst net."

Dyn medalje hat ek noch net ôf west, seker?

"Haha, nee. Eltse kear wurdst wekker en tinkst: 'Is it no echt sa? Ha ik it net dreamd?' Dat is super apart."

Jan van Der Bij, Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema nei harren EK-goud - Foto: ANP

Wat binne dyn ambysjes?

"Ik haw altyd sein: op de Olympyske Spelen yn Parijs 2024 wol ik prestearje. Mar, doe hie ik net tocht dat ik al goud pakke soe op it EK yn 2020. Miskien moat ik it bystelle. Goud op de Spelen is de dream, dêr wol ik sa lang mooglik foar gean bliuwe. It soe yn Tokio kommend jier ek meie. As it dêr slagget, hâld ik net op. Dan wol ik ek troch nei Parijs. Earst soe meidwaan yn Tokio moai wêze, mar no wolst eins wol in medalje pakke. It feroaret it byld wol. Salang as ik yn de top sit, wol ik it dwaan bliuwe. It is geweldich om mei te meitsjen!"

(advertinsje)
(advertinsje)