Befeiliging yn coronakrisis: fan Schiphol nei winkelwein-tafersjoch

Ek befeiligingsbedriuwen hawwe te krijen mei de gefolgen fan de coronakrisis. Neffens mei-eigener Harm de Jong fan befeiligingsbedriuw SES-Schaaf yn Grou binne der wichtige opdrachtjouwers fuortfallen. Mar neffens him lit de krisis ek sjen wa't de échte ûndernimmers binne. Want it wurk kin him ek ferpleatse, om wer nije opdrachten te finen moatte je somtiden kreatyf hannelje.
© Shutterstock.com (New Africa)
"Der is hiel wat fuortfallen. Wy stiene bygelyks op Schiphol, dat wie in grutte opdrachtjouwer. Mar dêr is neat te dwaan om't der folle minder flechten binne. Dan hâldt it wurk foar ús ek op. Sy meitsje fansels ek in kar en moatte besunigje," seit De Jong.

Ferpleatsing fan wurk

Yn oare gefallen ferpleatst it wurk him. "Wy wurde no bygelyks geregeld ynhierd toch supermerken. Dat is benammen om de begjinperikels mei in maatregel der út te heljen: as bygelyks it mûlkapke of it brûken fan in winkelweintsje ferplichte wurdt, dan dogge winkels wol in berop op ús om harren dêr yn te stypjen," leit De Jong út.

Sykje nei nije kânsen

Neffens De Jong giet it mei SES-Schaaf noch reedlik goed. "Wy hawwe gjin leanlêsten en wy binne in lyts bedriuw, wy runne it mei trije man. Wy hawwe allinne in kantoarpantsje, de fêste kosten binne leech. Wy rêde ús noch wol, mar je moatte wol kreatyf bliuwe. De merk ferpleatst him, je moatte op syk nei nije kânsen. Wy helpe no bygelyks wol mei tafersjoch op de wurkflier om te sjen oft wurknimmers harren goed oan de coronaregels hâlden."

"It moat net noch in jier duorje"

Dochs seit er: "It moat net noch in jier duorje. It bliuwt foarearst eltse dei wer sjen nei wêr't de fokus leit. Je moatte sykje nei wêr't je besunigje kinne, mar je wolle ek de kwaliteit garandearje."
It makket ek út hoe't in bedriuw opset is. "Wy hawwe doedestiids de kar makke om mei zzp'ers te wurkjen, wy hawwe sa'n 50-60 man oan it wurk. Dy hawwe wy no wol begelieding jûn yn it trajekt om te sjen wêr't sy rjocht op hawwe. Sy krije in fergoeding, wy woene se wol netsjes efterlitte." Neffens De Jong toant de coronakrisis ek wol hokker zzp'er de échte ûndernimmer is en wa't der eins minder fan bakt.
Harm de Jong fan SES-Schaaf yn Grou