Coronanijs freed 16 oktober: yn totaal 158 nije Fryske besmettingen

16 okt 2020 - 21:57
  • Freed binne der 158 nije coronabesmettingen fêststeld; tongersdei wiene dat der 195;
  • Sikehûs Nij Smellinghe slút twa fan de seis operaasjekeamers om romte frij te meitsjen;
  • It kabinet makket ôfspraken mei de Veiligheidsregio's oer it stranger hanthavenjen fan de coronaregels;
  • Der lizze 12 coronapasjinten op Fryske ic's, 30 op de ferpleechôfdielings;
  • Fryslân sit op risikonivo 'ernstig'.
22:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 16 oktober 2020 oer it coronafirus yn Fryslân. Sneon binne wy der wer mei in nij liveblog. Elkenien tank foar it folgjen. Dit wie it wichtichste coronanijs fan dizze freed:

- Sikehûs Nij Smellinghe stelt operaasjes út: "We zien een toestroom aan coronapatiënten";

- Ofrûne wike 1.158 besmettingen: 'Trend fan jongelju, nei âlden nei pake en beppe";

- Alvestêdehal bliuwt iepen, mar mei in soad beheinings.

20:49
Kening en syn famylje brekke fakânsje ôf

Kening Willem-Alexander en syn famylje brekke harren fakânsje yn Grikelân ôf. Dat hat de Ryksfoarljochtingstsjinst niiskrekt bekend makke. "We zullen onze vakantie afbreken. We zien de reacties van mensen op berichten in de media. En die zijn heftig, en die raken ons. We willen er geen enkele twijfel over laten bestaan: om het COVID19-virus eronder te krijgen is het noodzakelijk dat de richtlijnen worden nagevolgd. De discussie naar aanleiding van onze vakantie draagt daar niet aan bij."

18:34
Fernuvering yn Twadde Keamer oer fakânsje kening

Yn de Twadde Keamer is mei argewaasje reagearre op de fakânsje fan kening Willem-Alexander oan Grikelân. Opposysjepartij GroenLinks wol opheldering fan minister-presidint Mark Rutte. "Als de koning nu op vakantie gaat is dat echt het verkeerde signaal aan Nederland", fynt fraksjefoarsitter Jesse Klaver.

Kening Willem-Alexander is freedtemiddei oankaam yn Grikelân foar fakânsje. Hy fleach mei it regearingsfleantúch nei Grikelân. "De regering vraagt mensen om zoveel mogelijk thuis te blijven en af te zien van allerlei dingen waar ze naar uitgekeken hebben", seit Klaver. "Dan helpt het niet als er berichten opduiken de koninklijke familie het vliegtuig naar Griekenland pakt."

16:50
Swimme op oardel meter

Ek de swimbaden ha te krijen mei de nije coronamaatregels. Sa meie der folle minder minsken tagelyk swimme. "We kunnen 50 à 60 kinderen in het zwembad hebben. We hebben het geluk dat er voor de leeftijdscategorie waarin we zwemles geven geen maximum zit in de groepsgroottes", seit Maarten Beem fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Foar folwoeksenen jildt dat der tritich minsken tagelyk swimme meie, at se mar op oardel meter bliuwe kinne.

16:24
Nederlân net nei EK turnjen, mooglik alternatyf op It Hearrenfean

De Nederlânske turnploech docht ein dit jier net mei oan de Europeeske kampioenskippen yn Turkije. Dat hat it turnbûn freedtemiddei besletten. Fanwegen it coronafirus fynt it bûn dat net ferantwurde rjochting de spilers en de begelieding. De seleksje foar it EK wie noch net bekend makke.

It turnbûn ûndersiket wol oft der yn desimber in alternatyf toernoai foar junioaren en senioaren organisearre wurde kin. Dizze wedstriid soe dan plakfine op It Hearrenfean, dêr't yn desimber in nije turnhal iepene wurdt.

15:25
Mûlkapkes healweis novimber echt ferplichte

It dragen fan mûlkapkes yn 'e iepenbiere romte wurdt mooglik healweis novimber ferplichte. De regeling wurdt meinommen yn 'e coronaspoedwet dy't de Earste Keamer op 26 oktober behannelet, sei soarchminister en vicepremier Hugo de Jonge freed nei de wyklikse ministerried. De Jonge ferfong dêr premier Mark Rutte.

"Tot die tijd: mondkapje op"

"We bereiden een ministeriële regeling voor onder die wet. Dat is de snelste manier om het juridisch geregeld te krijgen. Als we dan heel erg haast maken met de invoeringsdatum, dan zou die half november daadwerkelijk als een plicht kunnen worden ingevoerd", sei De Jonge. "Maar tot die tijd: gewoon een mondkapje op."

De spoedwet moat de coronamaatregels dy't it kabinet oant no ta trochfierde in juridyske basis jaan. No wurde noch beheiningen oplein fia needferoarderingen.

Coronamaatregels - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
14:30
Sikehûs Nij Smellinghe stelt operaasjes út fanwegen corona

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stelt plande operaasjes út fanwegen it tanimmen fan it tal pasjinten mei it coronafirus. It sikehûs ferwachtet dat de tastream fan coronapasjinten noch grutter wurdt en dêrom wurde fan moandei ôf twa fan de seis operaasjekeamers sletten. Pasjinten mei in ôfspraak foar in operaasje krije te hearren dat de operaasje útsteld wurdt.

Troch op syn meast twa operaasjekeamers te sluten wurde de planbare operaasjes mei sa'n kwart ôfskaald. Neffens it sikehûs is it needsaaklik om it tal bêden foar coronapasjinten frij te meitsjen en om mear ferpleechkundigen en spesjalisten frij te meitsjen.

14:16
158 nije coronabesmettingen

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 158 nije coronabesmettings by kaam. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. It binne der minder as tongersdei. Doe gie it om 195 nije coronabesmettingen. Moandei wie it oantal besmettingen noch folle heger yn Fryslân: 294. Mar dat kaam troch in efterstân yn de administraasje.

De measte besmettingen binne yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân: yn beide gemeenten 36 persoanen. Dernei folgje De Fryske Marren (16), Smellingerlân en Waadhoeke (beide 11). Ut de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân binne twa persoanen it sikehûs yn rekke.

Besjoch ús dossierside foar in folslein oersjoch fan de coronasifers yn Fryslân.

Coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Gemeente Oantal besmettingen
Achtkarspelen 7
It Amelân 0
Dantumadiel 3
Eaststellingwerf 8
Flylân 0
De Fryske Marren 16
Harns 1
Hearrenfean 7
Ljouwert 36
Noardeast-Fryslân 3
Opsterlân 5
Skiermûntseach 0
Skylge 1
Smellingerlân 11
Súdwest-Fryslân 36
Tytsjerksteradiel 8
Waadhoeke 11
Weststellingwerf 4
Unbepaalde gemeente 1
Totaal: 158
13:50
De Spitkeet wer iepen: corona-útslach negatyf

Iepenloftmuseum en temapark De Spitkeet giet wer iepen. It bestjoer hie ôfrûne snein besletten it museum te sluten om't in frijwilliger posityf test wie. Dizze persoan hat lykwols op 'e nij in test dwaan litten, en doe die bliken dat de útslach negatyf wie. Dêrom is it museum fan 20 oktober ôf wer iepen. De hoareka bliuwt wol ticht.

13:47
Gjin útsûndering foar oare sporten

Der komt gjin útsûnderingsposysje foar oare sporten as de earedifyzje yn it manljus- en frouljusfuotbal en de earste difyzje yn it manljusfuotbal. It kabinet makke tiisdei bekend dat alle sportwedstriden de kommende fjouwer wiken net trochgeane. Allinnich fuotbal op de heechste nivos en sporters mei in topsportstatus krije in útsûndering.

Sportbûn NOC*NSF woe ek foar oare sporten in útsûndering, mar dêr wol de minister dus net oan.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)