Earste jûn dat hoareka ticht is: stilte op It Hearrenfean

15 okt 2020 - 22:45

Troch de nije coronamaatregels fan it Ryk is by de measte hoarekasaken tongersdeitejûn it ljocht út. Dêr't guon restaurants en ytkafees noch gau foar in ôfhelmenu soargje, ha fierwei de measte saken de doarren sletten. Dat soarget yn de sintra fan de Fryske doarpen en stêden foar in frjemde sfear.

De Oude Koemarkt op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Gjin reuring mear. It is jammer, mar it koe net oars. As ik sjoch watfoar feesten der fierd wurde, lykas yn Den Haag, dan is dat gewoan net ferstannich", fertelt in man op It Hearrenfean. Yn it doarp binne noch in oantal restaurants iepen, mar op strjitte is it in stik stiller as oars. It iennige lûd dat je hearre, binne de brommers dy't alle ôfhelbestellingen fuort bringe.

Treurige dei

Ek by Ristorante Pizzeria Paolo wurdt yn de keuken drok wurke. Steapels oan pizzadoazen wurde klearset en op alle taffeltsjes binne kearskes oanstutsen. Mar it is foaral in treurige dei, fertelt de eigener. "Het lijkt alsof je weer een nieuwe nachtmerrie ingaat. Je weet niet wanneer je weer open kunt. Normaal is tien procent van onze omzet maar afhaal. Dat is nu misschien iets hoger, maar normaal hebben we altijd een vol restaurant."

Fierderop wurdt by grillroom Bapiro ek noch hurd wurke. Hjir binne se wol wend om mear ôfhelbestellingen te krijen, mar oan de sfear falt net te wennen. "Het is wel moeilijk, hoor. Je ziet bijna niemand op straat, het is minder gezellig. Er zijn altijd feestjes in Heerenveen, dit zijn we niet gewend. We hopen dat het snel weer voorbij is."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma fernimt hoe stil oft it op It Hearrenfean is

(Advertinsje)
(Advertinsje)