Jan Huitema presintearret aksjeplan foar sirkulêre ekonomy yn Europeesk Parlemint

15 okt 2020 - 22:25

De Fryske europarlemintariër Jan Huitema (VVD) hat tongersdei yn de miljeukommisje yn it Europeesk Parlemint yn Brussel in aksjeplan presintearre dat Europa duorsumer meitsje moat. Hy wol dat bedriuwen der by de ûntwikkeling fan in produkt al rekken mei hâlde dat in part fan it materiaal letter wer foar wat oars brûkt wurde kin. Dat wurdt ek wol omskreaun as sirkulêre ekonomy.

Jan Huitema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn it plan stiet ûnder oare ek dat der mear omtinken komme moat foar sirkulêre ekonomy. Neffens Huitema is sa'n soart ekonomy in win-win-situaasje. "Sterker noch, as wy hjir net mei trochgean yn Europa, ferlieze wy ús konkurrinsjeposysje yn de wrâld." By in sirkulêre ekonomy wurdt alles sa folle mooglik opnij brûkt. Europa kin dêrtroch minder ôfhinklik wurde fan lannen bûten de Europeeske Uny. De sirkulêre wurkwize kin neffens Huitema ek banen opsmite.

Der moatte neffens de Fryske europarlemintariër dúdlike regels komme, sadat bedriuwen dêr harren foardiel mei dwaan kinne. Dat moat op Europeesk nivo en net foar elk lân apart, oars geane fabrikanten nei it lân dêr't de merk it grutst is, tinkt Huitema.

Jan Huitema

(Advertinsje)
(Advertinsje)