Wobbe van Seijen lit him net kenne: heal jier nei brân giet syn platesaak wer iepen

15 okt 2020 - 21:39

Foar platebaas Wobbe van Seijen hie 2020 syn 'jubeljier' wurde moatten. Sechstich jier yn de plateferkeap en fyftich jier lyn mei syn platelabel Universe begûn, mar op 23 april stoarte syn wrâld yninoar. In grutte brân lei syn winkel oan de Voorstreek yn Ljouwert folslein yn de jiske. Hy rekke syn kolleksje en noch folle mear kwyt. "Alles is gewoan ferdwûn. Alles, alles, alles", fersuchtet Van Seijen, dy't tongersdeitemiddei te gast wie yn it radioprogramma De middei fan Fryslân.

Sjoch hjirûnder nei in stik út it petear dat Eric Ennema mei Wobbe van Seijen hie:

Elke Ljouwerter en elke muzykleafhawwer yn Fryslân sil grif ris by Wobbe van Seijen in elpee of cd kocht hawwe. En mannich Fryske muzikant hat wol in plaat by him útbrocht. Van Seijen wie just sa grutsk dat er nei jierren al syn saakjes ûnder ien dak hie. "Wannear't ik de doar iependie, de 'inkijk' yn it pân, dan tocht ik: foar it earst yn myn libben haw ik de boel in bytsje op rige. Alles stie der moai, de boekútjouwerij, de muzykútjouwerij. Ik hie der in freeslik grutsk, goed gefoel by."

Yn shock

De brân yn syn platesaak hat grutte impact op him makke. "In absolute shock. Bist dagen yn shock. Giest it ûntkennen, dit kin net wier wêze. Ien fan de earste dingen dy't ek by my opkamen: o god, ik hoopje dat dy minsken dy't der boppe wenje derút kaam binne. Dan rinst mei 'knikkende knieën' fan myn hûs dêr nei ta." Yn de apparteminten boppe de plate-opslach wennen seis minsken. Net ien rekke ferwûne, mar se wienen wol har besittingen kwyt.

Seis moannen nei de brân lit Van Seijen him net kenne. Hy is wer op syk nei nijsgjirrige platen foar syn eigen argyf en om te ferkeapjen. Want, nije wike giet syn winkel oan de Voorstreek yn Ljouwert wer iepen.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
(advertinsje)
(advertinsje)