Húsdokters ha tekoart oan grypfaksins, wol minder gryp ferwachte

15 okt 2020 - 20:19

Meardere húsdokters ha in tekoart oan grypspuiten. Yn Hallum koene tsientallen minsken dy prik net krije, wylst se dat wol woenen. De praktyk yn Hallum wie ien fan de earste dêr't minsken de grypprik helje koenen.

Foto: Shutterstock

"We hebben het maximumaantal besteld dat we konden bestellen, dat was in eerste instantie niet genoeg", seit húsdokter Marjan Verhoef fan de Hallumer praktyk. Dat de fraach grutter wêze soe as ferline jier, hie sy ek al ferwachte. "Daarom hebben we meer besteld dan vorig jaar, maar we zaten op het maximum."

Sechstich minsken koene dêrtroch gjin prik krije. "Daarvoor hebben we nu een nabestelling gedaan en die hopen we in december alsnog te vaccineren", seit Verhoef.

Minder gryp ferwachte

Verhoef ferwachtet dat der dit jier minder minsken de gryp krije sille. "Het moet bij ons nog winter worden. In Australië, waar het al winter geweest is, zagen we dat daar minder griep is geweest. Dat geeft de burger moed", seit Verhoef.

Dat der yn Australië minder griep wie, hat nei alle gedachten te krijen mei alle coronamaatregels. "Hygiënemaatregelen die we nu ook gebruiken voor corona, doen het ook goed om griepverspreiding te voorkomen."

Marjan Verhoef

(Advertinsje)
(Advertinsje)