Noppert en Van Gerwen foarmje team Nederlân op World Cup of Darts

15 okt 2020 - 17:16

Darter Danny Noppert fan De Jouwer en mearfâldich wrâldkampioen Michael van Gerwen foarmje it Nederlânske duo op de World Cup of Darts. Dat hat it dartbûn PDC bekend makke. De World Cup of Darts wurdt begjin novimber hâlden yn Eastenryk. It is it jierlikse telefyzjetoernoai fan lanneteams.

Foto: Orange Pictures

Noppert en Van Gerwen binne de twa heechst notearre Nederlânske darters op de wrâldranglist, de Order of Merit. Michael van Gerwen is al in skoft de nûmer ien fan de wrâld en Danny Noppert stiet op dit stuit op it 22ste plak.

Debút foar Noppert

Foar de Jouster darter wurdt it syn debút op de World Cup of Darts. Hy hat mei Michael van Gerwen in teamgenoat mei in soad ûnderfining; de Brabanner wûn it toernoai al trije kear, mei Raymond van Barneveld.

De World Cup of Darts wurdt dit jier yn Salzburg hâlden, yn Eastenryk. Der dogge 32 lannen mei, dy't elk twa spilers leverje. Sy spylje inkeld- en dûbeldpartijen. De regearjend kampioen fan de World Cup is Skotlân, dat ferline jier mei Gary Anderson en Peter Wright de titel pakte.

(advertinsje)
(advertinsje)