29 bewenners en 51 meiwurkers Fryske fersoargingshûzen besmet mei corona

15 okt 2020 - 17:00

Op dit stuit hawwe 29 bewenners en 51 meiwurkers fan Fryske fersoargingshûzen it coronafirus. Dat blykt út in rûnfraach fan Omrop Fryslân by seis soarchorganisaasjes del: Alliade, Patyna, Noorderbreedte, ZuidOostZorg, Kwadrantgroep en Hof en Hiem.

Lanlik groeit it oantal coronabesmettingen yn ferpleechhûzen. Yn in artikel yn de NRC stiet: "Het aantal in juli en augustus was nog zo'n 100 per week, afgelopen week raakten 723 ouderen besmet, vergeleken met 623 de week ervoor. Dit blijkt uit de registratie van beroepsvereniging voor specialisten ouderengeneeskunde Verenso. Het gaat veelal om 80-plussers die ook lijden aan dementie. In totaal hebben sinds maart ruim 13.000 verpleeghuisbewoners corona opgelopen."

Mei 14 bewenners en 15 meiwurkers dy't op dit stuit besmet binne, hat Noorderbreedte de measte besmettingen. De bewenners wenje allegear yn Bennemastate yn Hurdegaryp, dêr't begjin oktober ek al in soad besmettingen wiene. De organisaasje jout oan dat de earste bewenner dy't corona hie, yntusken wer opknapt is. Mar der is ek in bewenner ferstoarn oan it firus.

Ut boarne- en kontaktûndersyk is net nei foaren kaam wêr't it firus weikomt. "Dat kan van een medewerker of een bezoeker komen. Aangezien het bij de inwoners van Bennemastate om mensen met een dementieel beeld gaat, is het niet duidelijk. De bewoners zijn niet te isoleren op hun kamer, dus ze komen ook overal. Daarmee zie je ook dat een verspreiding vrij snel gaat", fertelt regiomanager by Noorderbreedte André Oosterhof.

Twadde coronaweach

De earste coronaweach ferrûn hiel oars as dizze twadde, neffens Oosterhof. "In de eerste coronagolf in maart was de brandhaard natuurlijk echt in het zuiden van het land. Daarvandaan trok die verder het land door. Dat zie je nu niet. Je ziet dat het geen grenzen kent: allerlei brandhaarden, ook in deze regio. Dat maakt dat hij veel grilliger en onvoorspelbaar verloopt, maar dat het ook wel veel sneller gaat".

Foto: Shutterstock

André Oosterhof fan Noorderbreedte

By de organisaasje Hof en Hiem binne ek in soad besmettingen op deselde lokaasje. Yn wensoarchsintrum Suderrige op De Lemmer binne 6 bewenners en 4 meiwurkers posityf test. Yn oerlis mei de GGD is it âldereintehûs mei 75 bewenners fuortendaliks sletten oant yn alle gefallen snein 18 oktober.

De bewenners binne yntusken oerbrocht nei de Covid-ôfdieling yn it Anna Schotanus op It Hearrenfean. Dy lokaasje is spesjaal ynrjochte foar coronapasjinten fan âldereintehûzen. Op it stuit lizze dêr 24 coronapasjinten. Neffens Matthijs Bergsma fan Alliade, dy't foarsjocht yn de soarch yn Anna Schotanus, leine der mei de earste coronaweach maksimaal 30 minsken. De ôfdieling hat plak foar 140 minsken.

Krapte?

Hoe't de roasters rûn te krijen binne, is by elke orgranisaasje oars. Alliade en Noorderbreedte jouwe bygelyks oan in grutte 'flexpool' te hawwen, wêrtroch't se tekoarten opfange.

Medewerkers die een vakantie hadden geboekt, hebben deze geannuleerd en gezegd dat ze ook komen helpen.

John van Arnhem fan Hof en Hiem

Hof en Hiem pakt it oars oan, seit bestjoerder John van Arnhem: "Er is op dit moment krapte bij ons, maar gelukkig hebben we verschillende locaties en kunnen we uitwisselen. Daarnaast hebben medewerkers die een vakantie hadden geboekt deze geannuleerd en gezegd dat ze ook komen helpen. Daar ben ik echt trots op!"

John van Arnhem fan Hof en Hiem

Oantal besmettingen coronafirus yn Fryske fersoargingshûzen

Bewenners Meiwurkers
Noorderbreedte 14 15
Zorggroep Alliade 7 9
Hof en Hiem 6 10
Patyna 0 8
ZuidOostZorg 2 4
Kwadrantgroep 0 5
Totaal 29 51
(Advertinsje)
(Advertinsje)