B en W Súdwest-Fryslân wolle miljoenen ynvestearje mei jild út reserves

15 okt 2020 - 16:58

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân wolle de kommende jierren njoggen miljoen euro ynvestearje yn tal fan saken. Dat jild moat foar in grut part út de reserves komme, omdat de gemeente mei flinke jildkrapte sit.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Súdwest-Fryslân wol yn alle gefallen flink wat jild stekke yn it opknappen fan diken, brêgen en wâlskanten. As dy net oanpakt wurde, wurde se minder en wurdt it aanst noch djoerder om se op te knappen, sizze B en W.

Om de begrutting slutend te krijen set it kolleezje in kras troch in tal saken, lykas it fierder sintralisearjen fan it fuortset ûnderwiis. De gemeenteried bepraat de begruttingsfoarstellen takom moanne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)