Twa huzen yn Ljouwert ticht fanwege drugskriminaliteit

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat twa huzen slute litten, omdat der sprake wie fan drugskriminaliteit. It giet om in hûs oan De Kei, dêr't in himpkwekerij siet, en om in hûs oan de Boeierstrjitte.
(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Yn de Boeierstrjitte fûn de plysje earder dit jier kokaïneresten, hasj, ferpakkingsmateriaal en in soad kontant jild. De bewenner fan it hûs wie it der net mei iens dat syn hûs op 't slot giet en lei de kwestje foar oan de rjochtbank. Dy hat de boargemaster gelyk jûn. Yn it hûs oan De Kei wie in himpkwekerij mei 323 planten, plus guod brûkt foar de bou fan himp.
Beide drugshuzen bliuwe trije moanne ticht. Foar safier bekend hawwe de gefallen neat mei-inoar te krijen. Mei dizze twa gefallen derby binne yn Ljouwert dit jier oant no ta 27 wenten sletten fanwege drugs.