Operaasje Fryske Flagge: Marcel de Vries yn Yslân: "Safolle kâlder as Dokkum is it net"

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike prate wy mei Marcel de Vries, dy't yn Yslân wennet.
© Marcel de Vries
Marcel de Vries wennet yn Reykjavik, yn Yslân. Eins hat er altyd al wat mei it eilân han, al sûnt hy tsien jier wie. "Ik wit net presys wat, mar it hat my sawiesa altyd oanlutsen." Nei't hy foar in jier yn Yslân wie, doe't hy 23 wie, is hy fereale wurden op it lân. Hy kin ús fertelle dat de klisjees fan keal, kâld en djoere drank net hielendal wier binne. "Wy hawwe hjir oprjocht bosk, ek al is it net in soad. En it is hjir net waarm, mar it is ek net kâld te neamen."
Dat it net hiel kâld is, hat fansels ek mei de klimaatferoaring te krijen. Sa is der foarich jier sels in gletsjer 'ferstoarn'. Dy mei offisjeel gjin gletsjer mear neamd wurde, om't dy te fier weiteid is. "It is hjir hjoed tsien graden, net folle wyn en it sintsje skynt. De ferhalen oer it waar falle dus eins wol hiel bot ta."

"Safolle kâlder is it dan net"

Marcel wit der alles fan, want hy is meteorolooch, oftewol waarman, yn Yslân. Neffens him kin it wol rap kâlder wurde. "Kwa temperatuer falt it wol ta, mar je sitte wol tichtby de poal, dus wannear't de wyn út it noarden komt, dan kin it hjir hiel rap hiel kâld wurde. In pear jier lyn sieten wy hjirre mei de krysttiid, doe hat it 24 ûnder nul west. Dat seit net alles, want doe't ik in jier as 15 wie, hawwe we yn Dokkum ek min 22 hân. Safolle kâlder is it dan ek net."

Tredde weach

Wylst wy yn Fryslân yn de twadde coronaweach sitte, binne se yn Yslân al ien fierder. "De twadde stelde net safolle foar, en in wike as fjouwer lyn wie der yn in Ierske pub in karaokejûn. Dêr is it doe hielendal misgien. Wy sitte op it stuit noch net yn in lockdown, mar it komt wol yn de buert. Der komme eltse dei sa'n 80 minsken mei corona by. As je dat ferlykje mei Nederlân, moatte je dat kear 15 dwaan en dan komme je út op sa'n 4.000 de dei." De sifers binne dêr dus ek net om 'e nocht.
Marcel de Vries yn Yslân
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 165 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.