HEA! Sjolle, Riek en Elske Sinia fan Wâlterswâld

Sjolle, Riek en Elske Sinia binne broer en sussen, dy't mei elkoar wenje yn it âlderlik hûs yn Wâlterswâld. It is in hecht trio en se kinne goed mei-inoar. Sjolle docht de pleats en fersoarget de bisten, Riek siedt it iten en docht it húshâlden en Elske wekket alles wat der oan fruit en griente te finen is yn harren grutte tún. Fan de leafde is it by alle trije net kaam, mar op dizze wize ha se it gelok ek fûn.
De famylje Sinia