Oare Frysk 'it Sealtersk' kin no ek leard wurde út kursusboek

15 okt 2020 - 15:31

De belangstelling foar it Sealterfrysk nimt ta. Begjin dit jier joech Wolter Jetten oan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert in kursus oer de fariant fan ús Fryske taal dy't praat wurdt yn de dielsteat Niedersachsen yn Dútslân. De animo dêrfoar wie grut, mar it lesmateriaal minimaal. En dus skreau Wolter Jetten sels it boek 'Sealterfrysk foar begjinners'.

Scharrel hjit yn it Sealterfrysk Skäddel - Foto: Kening Aldgilles

Fries om utens Wolter Jetten is dosint Dútsk en wennet mei frou en bern yn Timmel. Dat leit tichtby Saterlân yn East-Fryslan, krekt oer de grins fan Grinslân. Yn Saterlân binne fjouwer doarpen. Yn trije dêrfan wurdt Sealtersk praat. It heart by deselde taalfamylje as ús Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk oan de westkust fan Dútslân flakby Denemarken.

Lytste taal fan Europa

Yn de jierren '60 waard it Sealterfrysk as memmetaal hiel bot ôfret om te praten. Dêrtroch binne der no gjin minsken tusken de 20 en 60 dy't it as memmetaal hawwe. Begjin jierren '90 stie it Sealtersk noch yn it Guinness Book of Records as 'lytste taal fan Europa'. Ein jierren njoggentich wiene der noch 1500 oant 2500 praters en dat is tebekrûn nei 1000 oant 1500, neffens Jetten.

Wat Jetten sjocht is dat it Sealterfrysk sûnt de lêste tweintich of tritich jier in lytse weroplibbing trochmakket, lykas wol mear minderheidstalen yn Europa. Der binne op it stuit in hiel soad inisjativen om it Sealtersk nij libben yn te blazen. By jongereinferienings, mar in soad pakes en beppes jouwe de taal ek troch oan jonge bern.

Apps

Wat ek feroare is, is dat de taal no op skoalle jûn wurdt, as fak en ek as ynstruksjetaal. Dêrom is der in nije generaasje Sealterskpraters ûntstien. Der binne ek in pear echt goede apps yn it Sealtesk, fertelt Jetten.

Kinne Sealterfriezen en Westerlauwersfriezen (sis mar: ús Friezen) inoar ferstean? Mei wat talekennis en wat reewilligens komst in hiel ein, seit Jetten. Der binne in soad wurden dy't oerienkomme, mar der binne ek hiel grutte ferskillen, lyks 'kwede' foar 'sizze'. Ferstean kinst it samar, prate net. "Mei it kursusboek Sealtersk kinst alle kanten út."

Trefwurden: 
Sealterfrysk Wolter Jetten
(advertinsje)
(advertinsje)