Blessuere Issa Kallon liket ta te fallen

15 okt 2020 - 14:06

De hamstringblessuere dy't Cambuurspiler Issa Kallon snein oprûn yn de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht liket ta te fallen. It like yn earste ynstânsje in klassike hamstringblessuere te wêzen. Dan kostet it meastal in wike of seis om wer werom te kommen. Kallon stie lykwols tongersdei alwer op it trainingsfjild.

Issa Kallon - Foto: www.orange-pictures.nl

De bûtenspiler trainde apart fan de groep, mar it liket allegear wat ta te fallen mei de blessuere. Kallon: "Ik voelde de hamstring verkrampen en hield toen al in. Daardoor valt de schade mee."

De oanfaller fan Cambuur hopet dat hy op freed 23 oktober yn de thúswedstriid tsjin Roda JC wer meidwaan kin. De wedstriid tiisdei tsjin NAC Breda hellet er net. "Nee, ik denk dat die wedstrijd te vroeg komt. Maar ik word dagelijks behandeld, dus misschien zou het kunnen. Maar daar ga ik niet vanuit. Ik richt mij op de wedstrijd tegen Roda JC."

Foarsichtich wêze

Trainer Henk de Jong oer de blessuere fan Kallon: "Dy falt yndied wat ta. Hy sil tiisdei net spylje kinne tsjin NAC Breda. Dy wedstriid komt te betiid. We moatte ek wat foarsichtich mei him wêze. Issa is yn topfoarm, dy moatte we net te lang kwyt wêze."

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen yn petear mei Issa Kallon

(advertinsje)
(advertinsje)