Hoareka fjouwer wiken op slot: "It is foar ús in domper"

15 okt 2020 - 13:35

Sûnt woansdeitejûn moatte alle hoarekagelegenheden fjouwer wiken ticht. Sa ek kafee De Laatste Stuiver op De Lemmer. Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie lâns om de sfear fan de foarearst lêste kroechjûn wiis te wurden.

Hoareka foar fjouwer wiken op slot

Woansdeitejûn njoggen oere. It is it lêste oerke yn fjouwer wiken dat kafee De Laatste Stuiver op De Lemmer noch iepen mei. It is gesellich, al sit elkenien wol oan eigen taffeltsjes. Oan de bar sit bedriuwslieder Lowy Friso oan in bierke. "It is gigantysk frustrearjend. We ha ús uterste bêst dien om oan alle maatregels te foldwaan. We snappe de nije maatregels wol, mar it is foar ús in domper." De gasten bestelle noch in pear shotsjes sterke drank. No't it noch kin.

Lekker Netflixe

Op de telefyzje stiet it fuotbal oan, Italië skoart al gau de 1-0 tsjin Nederlân. Dochs sitte de measte gasten mear nei harren glês te sjen en mei elkoar te praten. De Laatste Stuiver is in echt brún kafee, foar in soad gasten hast in twadde thús. Hoe moat dat no, fjouwer wiken thús sitte? "Op de bank Netflixen of Disney+. Ja, ik ben ook alleen, dan maar lekker Netflixen", fertelt Partricia van der Mark. Se snapt de maatregels wol: "De besmettingen worden steeds meer, dus er moesten maatregelen genomen worden. Jammer dat de horeca de dupe is, maar er moest wel iets gebeuren."

Je hawwe it mar te akseptearjen

Sa sjogge de measte gasten it. Spitich, mar it is net oars. Je hawwe it mar te akseptearjen. "We werken zelf ook bij een restaurant. Dat is nu ook afgelopen voor de komende tijd. Het is jammer, maar je kunt er niks aan veranderen", fertelt Mike Brongers.

Tagelyk bestelt er mei syn freonen noch mar in rûntsje shotsjes. Se binne de jongere gasten dizze jûn. Mar dat just sy der no op oansjoen wurde dat der safolle coronabesmettingen binne, fine se ûnterjochte. "Wij houden ons wel aan de maatregelen. Thuis gaan we ook niet met meer dan drie mensen zitten. De boetes zijn wel verlaagd, maar daar heb ik geen zin in", leit Hielke Oosterbaan út.

Lowy Friso fan kafee De Laatste Stuiver - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It is in soere dobber.

Lowy Friso, bedriuwslieder fan De Laatste Stuiver

En dan klinkt it lêste nûmer fan de jûn. Tapaslik: it is it Telekids-nûmer fan Carlo en Irene, '3 minuten'. "De klok die blijft maar tikken, dus we komen er wel, nog een paar seconden, De allerlaatste ronde, de koek is nu dus helemaal OP!"

Lowy hat it noch in pear minuten rekke kinnen, mar no moat echt elkenien nei hûs ta. It Nederlânsk alvetal moat noch 20 minuten spylje, mar yn de kroech kin de wedstriid net útsjoen wurde.

Dûbeld gefoel

By de doar wuiwt Lowy de gasten nei. "Tot over vier weken!" En dan is it leech. "It is hiel simpel. Daliks lekker op bêd, moarn krisisberied en dan sjogge we wol. It is in soere dobber." Dochs hat er begryp foar de situaasje. "It is in dûbeld gefoel. It is gewoan sa as it heart. We kinne lang en breed lulle, mar úteinlik moatte de maatregels derfoar soargje dat de besmettingen nei ûnderen gean. Sadat we wer normaal mei elkoar omgean kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)