Oerlêst yn Sint-Jabik, Pleatslik Belang grypt yn: "Dut kin soa niet"

15 okt 2020 - 13:09

Se stekke midden yn de nacht fjoerwurk ôf en raze alles byinoar. In groepke jongerein yn Sint-Jabik hâldt it doarp al in pear wiken wekker. Om de oerlêst tsjin te gean hat it doarp in brief opsteld oan de ynwenners. Want dit kin sa net langer, fine se.

Marcel van der Vaart fan Pleatslik Belang leit út wat de situaasje is. It giet om in groep fan rûchwei 15 oant 35 jier, fertelt er. "Mînsen wille dochs ok eventsys metnander prate. D'r binne 'n paar bij die't te feul leven make en dat kin aigenlik niet.

"Se foele hur 'n bitsy bedraigd"

"Die jonges en maisys kinne nergens hine en dat klit wat bijnander. Bij de Groate Kerk waar de groep soa groat dat de overlast ok groat waar. Der sit 'n loazjemint naast, der't feul ouwere mînsen weune. Die kinne niet slape en se foele hur 'n bitsy bedraigd." Net dat de jeugd rare dingen docht, mar sa'n grutte groep kin bedriigjend oerkomme, neffens Van der Vaart.

Fjoerwurk

Der is ek fjoerwurk ôfstutsen en de jeugd fytst mei boksen mei lûde muzyk troch it doarp. Dat is dan efkes as se foarbykomme, "maar at 't de hele tiid op 't selde plak is en dat begint om 'n uur of tien elf tot drie of fier uur in de nacht, dan is 't wel heel ferfelend."

"Dut kin soa niet"

Pleatslik Belang en oare pleatslike belanghawwenden roppe de jeugd yn in brief op gjin oerlêst mear te feroarsaakjen. "Wij snappe 't dat jim bijnander binne, maar sorg d'rfoor dat d'r gyn overlast is. Die mînsen motte gewoan 'n goeie nachtrust hewwe, dut kin soa niet."

As de oerlêst bliuwt, komt der mooglik ferljochting en kamera's op de omhingplakken.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Sint-Jabik

Groate Kerk, St.-Jabik - Foto: Google Streetview

Marcel van der Vaart fan Pleatslik Belang

(advertinsje)
(advertinsje)