Coronakrisis of net: hûzeprizen sjitte de loft yn

15 okt 2020 - 12:17

Coronakrisis of net, de hûzen yn Fryslân binne it ôfrûne jier folle djoerder wurden. Neffens makeldersferiening NVM giet it lanlik om de grutste taname yn tweintich jier. Foaral yn Fryslân binne de prizen troch it dak gien. Yn Súdwest-Fryslân is dy taname it heechst: dêr binne hûzen it ôfrûne jier hast 20 persint djoerder wurden.

Coronakrisis of net: hûzeprizen sjitte de loft yn

"De fraach út de eigen omjouwing is al frij grut", seit Theo Groen. Hy is makelder yn Snits. "Mar sûnt de corona-útbraak is de fraach út oare dielen fan it lân ek bot tanaam. Dy minsken sykje romte en rêst."

De hûzesikers út oare parten fan Nederlân ha ek faak wat in dikkere beurs. "Sy ferkeapje dêr de hûzen foar hiel hege prizen. Mei in tuskenwenning sitst sa op 6 of 7 ton. En se binne hjir ree om ek in soad jild te beteljen. Dan wurdt it foar Friezen hiel dreech om dêrmei te konkurrearjen."

Thúswurkjen fersterket fraach yn Fryslân

Dat minsken út oare parten fan it lân hûzen sykje yn Fryslân, wurdt mei mooglik makke troch it thúswurkjen. "Dat wurdt folle mear akseptearre", seit Groen. "Wurkjouwers witte dat it net neidielich hoecht te wêzen. As minsken no in baan yn it Westen ha, mar dêr mar ien kear yn 'e wike hinne hoege, fine de reisôfstân prima."

Net allinnich de prizen geane omheech: hûzen wurde ek folle rapper ferkocht. "Yn Snits moatst der net raar fan opsjen as in hûs binnen in moanne ferkocht is. In pear jier lyn wie it wat mear sykjen nei in goede kandidaat of in goede priis. Dan duorre it in healjier, dat wie noch hieltyd keurich. Mar ast no in wenning te keap setst, dan wurdt al gau de fraachpriis bean, of dêroerhinne sels."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Makelder Theo Groen

(Advertinsje)
(Advertinsje)