Warskôging foar putsjeman yn Ljouwert 'dy't de tún opknapt'

15 okt 2020 - 11:36

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is in malafide putsjeman aktyf. Dêrfoar warskôget Handhaving Leeuwarden op Twitter. Fierste djoer en wat er oer hat, smyt er op strjitte.

Foto: Handhaving Leeuwarden

Yn de wyk wie in lading ôffal op strjitte smiten en dat foel op. Dêrop kamen kollega's fan Handhaving yn kontakt mei in dupearre bewenner, dy't sei dat er slachtoffer wurden wie fan in malafide putsjeman. Dy soe foar fierste folle jild 'de tún opknapt hawwe.' De fertochte smiet wat er oer hie, op strjitte en liet de tún fan it slachtoffer achter mei in soad skea.

Handhaving hat Omrin ynskeakele om de dumpte modder fan de dupearre op te heljen.

Trefwurden: 
Ljouwert malafide putsjeman
(advertinsje)
(advertinsje)