1 op de 12 Fryske húshâldens yn earmoede

15 okt 2020 - 10:58

22.900 Fryske húshâldens ha in ynkommen ûnder de saneamde 'lage-inkomensgrens' fan it CBS. Dat is ien op de tolve húshâldens yn de provinsje. Fryslân stiet dêrmei op it fjirde plak fan de earmoedranglist.

Foto: ANP XTRA

Yn Fryslân binne de earme húshâldens relatyf sjoen faak ienpersoanhúshâldens. De helte (51%) fan alle húshâldens ha in ynkommen út wurk. Lanlik is dat 55%.

31% fan de Fryske húshâldens komt oan it jild troch in pensjoen. Fryslân hat relatyf in soad húshâldens mei in bystânsútkearing (5%, lanlik is dat 4%).

De measte earme húshâldens binne yn Grinslân, dêr is it ien op de tsien.

Wat is earmoede?

Om earmoede te definiearjen, brûkt DataFryslân de 'lage-inkomensgrens' fan it CBS. Yn 2018 lei de grins foar in allinnichsteande op 1.060 euro yn de moanne. Foar in stel wie dat 1.460 euro. Mei twa minderjierrige bern wie de grins foar in pear 2.000 en foar in ienâldergesin 1.600 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)