Heerenveen Lokaal: Bloedpriklokaasje Jobbegea moat bliuwe

15 okt 2020 - 10:46

De sluting fan de priklokaasje yn de Kompenije yn Jobbegea moat weromdraaid wurde. Dat skriuwt de fraksje fan Heerenveen Lokaal yn in iepen brief oan de stichting Huisartsen Laboratorium Friesland (HAL) dy't achter de sluting sit. De priklokaasje waard begjin dit jier sletten nei oanlieding fan de coronamaatregels, mar de sluting wurdt neffens Heerenveen Lokaal no ynienen definityf.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de fraksje giet it om in wichtige soarchfoarsjenning foar it doarp Jobbegea. Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal: "De bloedpriklokaasje sit al hiel lang yn Jobbegea. Minsken binne deroan wend. Se kinne der rinnendeweis, mei de fyts of rollator hinne. Dan giet it om âlderein, mar ek om jongerein. Elkenien moat wolris te bloedprikken."

Koart briefke: hier opsein

Dat de lokaasje fanwege de corona tydlik ticht moast, snappe de minsken, seit Hartsuiker. "Mar dan stjoere se fan it HAL in koart briefke oan de Kompenije dat se de hier opsizze, want se komme net werom." Pasjinten moatte no nei De Gordyk of It Hearrenfean."

Beswier

Heerenveen Lokaal fynt dat it doarp net goed ynformearre is oer de sluting. "Oant no ta hawwe we fan harren net heard wat de reden is." De fraksje hat in mail stjoerd nei it HAL mei dy fraach en noch gjin antwurd krige. Op de webside fan de partij stiet in mailformulier dat minsken brûke kinne as se beswier meitsje wolle tsjin de sluting.

Age Hartsuiker: "Ynienen stjoere se in briefke dat se de hier opsizze"

Trefwurden: 
Jobbegea priklokaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)